ING kriget Fryske telefoantsjes fan lilke studinten

2024-05-29 12:24:37

Op moandei 6 maaie hawwe leden fan de Fryske studinteferienings yn Grins, Weinum en Delft telefoanysk harren soargen útere oer it ferbod fan de ING op it gebrûk fan it Frysk troch harren meiwurkers. De bank hat yn petear mei de provinsje Fryslân tasein dat tenei wer Frysk praten wurde mei. Wy binne tige bliid mei dit beslút en tanke alle leden en ek de Federaasje fan Fryske Studinteferienings foar dit moaie inisjatyf!

It artikel is werom te lêze op de side fan Omrop Fryslân: https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/16491120/ing-kriget-fryske-telefoantsjes-fan-lilke-studinten-ik-stap-oer-nei-in-oare-bank & https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/16498749/ing-komt-werom-op-taalferbod-meiwurkers-meie-no-frysk-prate-mei-klanten

Reaksjes (0)

Studinteferiening F.F.J. Bernlef makket har klear foar 100-jierrich bestean

2024-05-16 14:05:00

20 maaie 2025 wurdt F.F.J. Bernlef, de Fryske studinteferiening yn Grins, 100 jier. Sa as de Fryske studinten gewoan is, moat dat heuchlik feit grut fierd wurde. Dêrom is de feriening drok yn it spier om it hiele lustrumjier in súkses te meitsjen, foar lid, âld-lid en elts ferbûn oan de feriening.

It lustrumjier set 20 maaie 2024 útein, op de 99e jierdei fan de feriening. Takom wykein wurdt dat fierd mei in bûtendei nei it Kameleon-eilân yn Terherne en lykas alle jierren in balskopkompetysje tusken leden en âld-leden. Oanslutend wurdt in resepsje om it hjoeddeistich bestjoer lok te winskjen organisearre. Nei 20 maaie stean de aktiviteiten troch it hiele jier hinne yn it teken fan it lustrum.

It earste dat op de planning stiet is in grutte reis nei de Filippijnen ta. Oft it rinnen op klompen dêr ek oanslaan sil, dêr sil it reisgenoatskip achter komme. Oare aktiviteiten dy’t ûndernaam wurde yn it lustrum binne it útbringen fan in muzykalbum mei sels skreaune Frysktalige muzyk en in lustrumboek dat de kearn fan de feriening yn 100 jier omfetsje sil. Dêrneist meie de oare aktiviteiten dy’t yn it teken fan it lustrum stean net ferjitten wurde: in gala, kamp en in grut lustrumfestival yn Fryslân stean op de planning. 

De ôfsluter fan it lustrumjier sil de wiere jierdei fan de feriening wêze yn maaie 2025. Dat sil fierd wurde mei in grutte reüny op 24 maaie 2025, dêr’t elts dy’t ferbûn is oan de feriening wolkom is. Ferhalen fan de studintetiid sels, mar ek fan wat Bernlef jin letter yn it libben brocht hat, kinne útwiksele wurde en kinne Friezen, of Bernleffers, fan alle jierren mei inoar ferbine.


De feriening wol elts dy’t in bydrage leverje wolle soe, yn de foarm fan in moai ferhaal, in idee of in oare bydrage, oantrune dat te dielen mei de lustrumkommisje of it bestjoer fia lustrum@bernlef.frl.

Reaksjes (0)

Wellbeing Weeks 2024

2024-02-28 10:04:05

Ofrûne moandei is de Wellbeing Weeks iepene. De Wellbeing Weeks is in inisjatyf fan Lijst Calimero, Lijst Sterk en GSb dat dernei stribbet om twa wiken lang alle oandacht te fêstigjen op it wolwêzen fan studinten troch aktiviteiten en eveneminten organisearre troch stúdzje - en studinteferieningen en oare studinteorganisaasjes. Dizze eveneminten kinne fariearje fan miny-lêzingen oant workshops. 

 

Op freed 1 maart hat der in workshop plak troch @ease by F.F.J. Bernlef. Ynrin is fan 19:25 ôf en om 20:00 begjint de kursus. Elkenien is wolkom om del te kommen.

Ease is der foar alle jongeren fan 12 oant 25 jier. Kinst by harren terjochte om te praten oer dyn mentale sûnens, skoalle, wurk, seksualiteit of finânsjes. Hoechst by @ ease gjin ôfspraak te meitsjen. Do kinst gewoan online chatte of binnenrinne foar in petear. Sy hâlde gjin dossier by en do hast gjin tastimming nedich fan dyn âlden. Komst leaver net allinnich? Gjin probleem, je meie ek ien meinimme. In petear kin koart duorje of wat langer. Alles kin. Hast noch net alles beprate kinnen, dan komst gewoan wer werom. Dat mei sa faak as je wolle. Mear ynformaasje kinsto fine op harren side: https://www.ease.nl

Reaksjes (0)

Nachtdieren

2024-02-27 09:51:51

In skoftsje lyn kaam Raven van Dorst del by F.F.J. Bernlef. Raven wie mei harren programma Nachtdieren yn Grins. Yn Nachtdieren giet Raven van Dorst op syk nei it mystearje fan de nacht. Wa binne der noch wekker; hokker minsken kinne net sliepe en hokker minsken wolle net sliepe? Yn in nachtlike ûntdekkingstocht stuitet Raven op hilaryske en oandwaanlike moetings mei de meast útienrinnende typen. Sa seach Raven in swikje Fryske jongerein yn de túnstrjitte...

Ofrûne snein wie it op telefyzje. Dit hawwe wy op soas mei inoar sjoen. Hasto dit no mist? Nachtdieren is werom te sjen fia NPO Start. F.F.J. Bernlef is te sjen yn ôflevering 5, Groningen. Do kinst ek op dizze link klikke om it werom te sjen: https://npo.nl/start/serie/nachtdieren/seizoen-6/nachtdieren_13/afspelen

Reaksjes (0)

Dei fan de memmetaal 2024

2024-02-21 19:24:05

Hjoed is de UNESCO ynternasjonale memmetaaldei 2024. It tema fan memmetaaldei dit jier is ‘Multilingual education – a pillar of learning and intergenerational learning’. Op it stuit hat 40% fan ‘e wrâldbefolking gjin tagong ta ûnderwiis yn harren memmetaal. Undersyk ûnderstreket de foardielen fan it brûken fan de memmetaal foar learlingen ûnder oar bettere learresultaten, selsfertrouwen en kritysk tinkfermogen. Intergenerational language transmission (yntergenerasjonele taaltransmisje) is tige wichtich foar de fitaliteit fan minderheidstalen lykas it Frysk, derom is it wichtich dat it Frysk in stevich plak hat yn it ûnderwiis fan jonge Friezen. Dizze moanne hat de RUG bekend makke dat de BA Minorities and Multilingualism yn it jier 2025-26 stopset wurde sil, troch dizze stúdzje wie it noch mooglik om Frysk te studearjen op universitêr nivo. Wylst wy dit spitich fine, binne wy wol hoopfol dat der op koarte termyn wer in stúdzje Frysk opsetten wurdt. Wylst ûntwikkelings yn it kader fan Taalplan Frysk 2030 tige nijsgjirrich binne, tink bygelyks oan ‘Wy Binne Mbû’, hat de Fryske taal ek it rjocht om op ‘e universiteit in plak te hawwen, sadat Frysk beskikber is yn it ûnderwiis op elts nivo.

Foar mear ynformaasje: https://www.un.org/en/observances/mother-language-day

Wat dochsto op ‘e ynternasjonale dei fan de memmetaal?

Reaksjes (0)

Krystkongres 2023

2023-12-11 18:31:54

It krystkongres yn Frjentsjer komt hieltiid tichterby, mei it tema Friezen fan'e wrâld: de moaiste aktiviteit om as Fryske jongerein it jier mei ôf te sluten. It krystkongres sil plakhawwe op 28 en 29 desimber.

Wy begjinne de dei mei in besite oan it stêdhûs dêr't burgemoaster Waanders ús tasprekke sil. Dan meitsje wy de jierlikse foto, en ferkinne wy Frjentsjer middels in stêdskuier mei wrâldsk tema. Nei in healike Italiaanske lunsj troch TVkok Fransesco begjint it sympoasium.

De sprekkers dit jier binne: Bearn Bilker (keningshûs historikus, (en die ha grif har spoaren yn Fryslân!)), Anton Jongstra (einredakteur Wie is de Mol), Bauke Deelstra (misjonaris yn Albanië), Sjoerd van der Werf (boer yn NeiSeelân), Sjoerd den Daas (NOS korrespondint yn Sjina).

Sy sille fertelle oer harren ûnderfining als Frysk yn harren ynternasjonale wurklibben. Dan sille wy hearlik ite folge troch it pykoere, mei bier foar in spotgoedkeape priis!, dy't de superband ynluidzje. Letter yn de jûn folgje de fêste eleminten sa as de delle-, bier-, en kabaretkriich: oefenje dus mei bier drinken en frikandellen iten, en betink in lytse sketch om elkenien mei oan it leitsjen te krijen!


Koartom, in prachtich ynhâldlik én gesellich evenemint mei trije Fryske ferieningen!

 

Yn- en útskriuwe kin fia dizze link oant en mei 21 desimber: https://docs.google.com/forms/d/e/1FAIpQLScmIp0NWLQpR_XtwyogDauvF9sxLFaqp3SQjTJnMXwCGsE23w/viewform

Reaksjes (0)

Ferkiezingsjûn by F.F.J. Bernlef

2023-12-07 13:32:39

Op woansdei 22 novimber wiene de Nederlânske Twadde Keamerferkiezingen. Ek by F.F.J. Bernlef fine wy it wichtich dat elkenien brûk makket fan harren stimrjocht. Dêrom hie de Harpe (in kommisje by Bernlef dy't seis kear per jier in ledentydskrift útjout) in ferkiezingsjûn organisearre. Op dizze jûn giene wy mei syn allen nei it stimburo (wêr’t ek in Bernleffer oan it wurk wie) en hawwe wy stimd. Dernei hawwe wy de útslach folge op 'e beamer yn ús sosjéteit en oare ferkiezing-relatearre aktiviteiten dien. It wie in tige nijsgjirrige en smûke jûn!

 

Reaksjes (0)

Ctrl-Ffectief studeren?!

2023-11-28 13:30:46

Eartiids wie studearjen eat wat troch boeken en kolleezjes barde. Der wiene gjin gearfettingen te keap, net de mooglikheid om kolleezjes werom te sjen of om eksamentrainingen ôf te nimmen. Yn de koroanetiid wie de favoriete toetseboerd key de Ctrl-F kombinaasje mei in oanbelangjend wurd, om allinnich it 'wichtige' stikje tekst te lêzen fan it digitalisearre boek. Sa makkest it dysels moai maklik, tinkst, mar is dit wol echt sa? Kinst net stelle dat it dy tagelyk ûnwissens makket yn dyn ûntwikkelingsproses? Nimst wol echt kennis ta dy? Wurdst sa wol goed taret foar de lettere stúdzjejierren en it beropsfjild? No 't in grut part fan 'e stúdzje wer offline plakhat, is it faaks tiid om dyn oanpak te optimalisearjen. Lês dizze blog foar in mear duorsume stúdzje oanpak, sadatst mei fertrouwen de takomst temjitte giest.

Lees hier meer!

 

https://wakeupstudent.nl/ctrl-ffectief-studeren/

Reaksjes (0)

'Tsjoch Op' ynhammere as 99e bestjoer

2023-09-06 22:23:23

Op tiisdei 5 septimber 2023 hat bestjoer ‘De Stadige Stream’ it stokje trochjûn oan it 99e bestjoer ‘Tsjoch Op.'

Tsjoch op, as ferwizing nei it Fryske folksliet, dat betsjut: "kom yn beweging." De kop giet der fansels fan omheech, krêftich, in rjochte rêch, grutsk, wille, aksje. Mei dy letterlike en figuerlike motivaasje stappe wy it 99e jier fan FFJ Bernlef yn. Wy hoopje dizze namme dit jier rjocht te jaan. Wy hawwe der allegearre tige nocht oan en hoopje in protte fan jimme op soas te sjen.

Kom yn beweging, Frysk bloed! Tsjoch op it ferline, mar foaral tsjoch op de takomst!

Bestjoer 'Tsjoch Op' bestiet út de folgjende seis persoanen: 
Paulien Slats, foarsitter
Fardau de Boer, skriuwer
Thamara Heikamp, ponghâlder feriening
Annewietske van der Veer, eksterne 
Jardi Rooks, ynterne
Petra Feenstra, ponghâlder SB

 

Reaksjes (2)

F.F.J. Bernlef te sjen yn FryslânDOK 'Fan it nêst ôf'

2023-04-28 13:18:38

15 en 16 april 2023 wie de leden fan Bernlef te sjen yn in dokumentêre oer Friezen om utens op NPO2 en Omrop Fryslân. FryslânDOK 'Fan it nêst ôf', makke troch filmmakker Anne van Slageren, giet oer it libjen fan Fryske studinten by ferskate Fryske studinteferienings: Aldgillis (Delft), WSSFS (Wageningen) en F.F.J. Bernlef (Grins). 

Yn Grins folgje se Bernleflid Welmoed Sjoerdstra yn har deistich studintelibben; Studearjen oan de Rijksuniversiteit Grins (MA Applied Linguistics) en buorrelje by ús sosjéteit, Fryske studinteferiening F.F.J. Bernlef. Oer Bernlef seit Welmoed dat se dêr thús field. "As ik sis dat ik by Bernlef sit, sjogge minsken der faak op del. Wêrom soest dat dwaan, sizze se, bist net bliid datst út Fryslân wei bist? Mar ik bin bliid mei wêr't ik weikom."

FryslânDOK 'Fan it nêst ôf' is te sjen fia de link https://omropfryslan.bbvms.com/view/omropfryslan_video/5486617.html

Reaksjes (0)

F.F.J. Bernlef docht mei oan de ynsprekmaraton

2022-12-06 01:57:38

F.F.J. Bernlef docht mei oan de ynsprekmaraton!

Wolsto ek graach yn it Frysk in berjochtsje diktearje oan jim mem? Of yn it Frysk de timer op de Google Home oansette? Doch dan ek mei oan de Fryske ynsprekmaraton!

Gean nei ynsprekmaraton.frl (https://commonvoice.mozilla.org/fy-NL), klik op it mikrofoantsje by ‘Sprekke. Donearje jo stim’ en folgje de ynstruksjes. Meist sa faak meidwaan ast sels wolst. Sa draachst dyn stientsje by oan dyn memmetaal, en kinst ek noch sizze datst meidien hast oan de maraton.

Reaksjes (0)

90e Krystkongres!

2022-12-03 16:54:02

Elts jier wurdt it Krystkongres organisearre troch de ferskate Fryske studinteferienings yn Nederlân: F.F.J. Bernlef yn Grins, W.S.S.F.S. yn Wageningen en D.S.S.F.S. Aldgillis yn Delft. Nei twa jier koroana en it Krokuskongres fan ôfrûne jier, hat op woansdei 28 desimber it 90e Krystkongres plak yn Frjentsjer!

It tema fan it 18e-lustrumkrystkongres is 'Stjer fan Fryslân'. De sprekkers by it sympoasium binne Janco Krist, Ids Willemsma, Femke Wiersma en Gerrit Hiemstra. Omdat it in lustrumkongres wurdt, is der in spesjaal programma. Moarns is der in besite by it Eise Eisinga Planetarium en middeis fynt der in kriminele kuier plak.

Ynskriuwe kin fia dizze link (oan- en ôfmelde kin oant en mei 21 desimber!): https://docs.google.com/forms/d/e/1FAIpQLSfD5wcB8FA_Tke-TE-xml2Ba9mFKpgo_jMSuTmy6OBysj6UXw/viewform?usp=sf_link

Reaksjes (0)

'De Stadige Stream' ynhammere as 98e bestjoer

2022-11-29 17:20:58

We binne yntusken alwer trije moanne oan de gong as bestjoer fan ús prachtige feriening. Heech tiid om ússels ris efkes foar te stellen!

Op tiisdei 6 septimber hat bestjoer ‘Alra Fresena Fridom’ it stokje trochjûn oan it 98e bestjoer  ‘De Stadige Stream’.

Dizze namme is keazen mei it each op hoe't wy it Bernleflibben foar us sjogge.  Lykas in stream wolle wy stadich it Bernleflibben trochgean litte. We floeie mei de hjoeddeiske feroarings, mar it Fryske mienskipsgefoel sil altyd fuortbestean. Wy wolle ús bestjoersjier as in stadige stream folbringe. Wy hawwe der as bestjoer in soad nocht oan en we hoopje jim te dit jier faak te moetsjen op soas!

Bestjoer 'De Stadige Stream' bestiet út de folgjende seis persoanen: 
Dirk Jan Reiding, foarsitter
Emma Smith, skriuwer
Alwin Jansen, ponghâlder feriening
Jacco Taconis, eksterne 
Machteld Stegenga, ynterne
Hidde van der Weg, ponghâlder SB

Reaksjes (1)

Reaksje F.F.J. Bernlef oanbelangjende heechlearaar Frysk en Fryske flagge akademygebou

2022-11-28 15:37:34

Reaksje F.F.J. Bernlef oanbelangjende situaasje heechlearaar Frysk en Fryske flagge akademygebou

Zie hier beneden voor Nederlands.

Fan ‘e moarn (28-11-’22) waarden wy as bestjoer fan F.F.J. Bernlef attendearre op it feit dat de Fryske flagge by it akademygebou fan de Ryksuniversiteit Grins healstôk hong. F.F.J. Bernlef hat dêr gjin rol yn spile en wit ek net wa’t dat wol dien hat. No’t ek bliken docht dat de flagge en de mêst dêrby stikken gien binne, wolle wy nochris beklamje dat wy hjir neat mei te krijen hân hawwe. F.F.J. Bernlef lit graach fan him hearre troch ludike aksjes, mar mei fandalisme wolle wy neat te krijen hawwe. Wy sjogge dit lykwols wol as in gaadlik momint om ús miening oer de kwestje hearre te litten.

 

Wy fine it in tige soarchlike situaasje dat der gjin heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oansteld is nei it emeritaat fan prof. dr. Goffe Jensma. Dat hat neat te krijen mei opfolchster dr. Anne Merkuur, dy’t in tige talintfolle en kapabele dosint is en dy’t, as jonge Frisist, wis in wichtige ympuls jaan kin oan de stúdzje fan de Fryske taal. Likegoed is it foar de Fryske akademyske wrâld in gefaarlike situaasje dat - as neat feroaret - yn alle gefallen de kommende jierren gjin heechlearaar Frysk wêze sil, en de rol fan heechlearaar mei foltiidsfunksje werombrocht wurdt nei in universitêr dosint mei dieltiidsfunksje. Om de relevante posysje yn de akademyske wrâld behâlde te kinnen, is it wichtich om ûndersikers mei ûnderfining yn it fjild te hawwen, dy’t sawol fakkundige as ûndersyksfeardigheden mei harren meibringe. Wy soene de Ryksuniversiteit Grins dan ek graach oantrúnje wolle om it solisitaasjeproses jitris op te starten en nochris te besykjen in heechlearaar Frysk oan te stellen.

 

Dat yn de polityk no ek omtinken foar dizze kwestje liket te wêzen, fine wy moai om te sjen. Wy hoopje dat dat omtinken der ek ta liede sil dat de oerheid in aktive rol spylje sil yn it stimulearjen fan it sykjen nei in heechlearaar Frysk. Frysk is noch altyd in libjende taal, dy’t troch in protte minsken, jong en âld, sprutsen wurdt. Nei it opheffen fan de bachelor Fryske taal en kultuer liket it net-oanstellen fan in heechlearaar Frysk in nije tebeksetter te wêzen foar de posysje fan it Frysk yn de akademyske wrâld. Wy meitsje ús soargen oer hokker gefolgen oft dat op ‘e lange termyn hawwe kinne sil.

 

Boppedat meitsje wy ús soargen oer hoe’t de ûntjouwingen wat de eventuele master Frysk oanbelanget beynfloede wurde kin troch dizze situaasje. Nettsjinsteande dat dy master noch net bestiet, hat prof. dr. Goffe Jensma him dêr noch foar syn emeritaat hurd foar makke en in soad wurk ferset om dêr in opset foar te meitsjen. No’t hy mei emeritaat is, liket it minder wierskynlik te wêzen dat de mastertrack Frysk opset wurdt, wylst dêr wol grut belang oan hechte wurde moatte soe. 

 

By F.F.J. Bernlef sille wy ek yn de takomst ús bêst dwaan om de taal en kultuer fan it Frysk oan sa folle minsken as mooglik by te bringen, sawol binnen as bûten ús feriening. Doe’t wy hearden dat de Fryske flagge by it akademygebou stikken gien is, hawwe wy it ynisjatyf nommen om ús eigen Fryske flagge del te bringen, sa’t dy tydlik hingje kin. Spitigernôch woe de universiteit dy net oannimme, om’t se sels al in nije flagge besteld hawwe en dy meikoarten ferwachtsje ophingje te kinnen. Dêrom hawwe wy by ús eigen sosjéteit de flagge ophongen. Net healstôk, want it Frysk libbet noch hieltyd ûnder de Friezen. Likegoed moat, om it Frysk libjend te hâlden, wol aksje ûndernommen wurde.

 

98e bestjoer F.F.J. Bernlef

 

--------------------------------------------------------

Reactie F.F.J. Bernlef op situatie omtrent hoogleraar Fries en Friese vlag academiegebouw

 

Deze ochtend (28-11-’22) werden wij als bestuur van F.F.J. Bernlef erop geattendeerd dat de Friese vlag bij het academiegebouw van de Rijksuniversiteit Groningen halfstok hing. F.FJ. Bernlef heeft hier geen rol in gespeeld en weet ook niet wie dit wel heeft gedaan. Nu ook blijkt dat de vlag en de vlaggenmast hiermee kapot zijn gemaakt willen wij des te meer benadrukken dat wij hier niet mee te maken hebben. F.F.J. Bernlef laat graag van zich horen door ludieke acties uit te voeren, maar vandalisme willen wij niets mee te maken hebben. Wij zien dit echter wel als een geschikt moment om ook onze mening over deze kwestie te laten horen.

 

Wij vinden het een zeer zorgelijke situatie dat er geen hoogleraar Friese taal- en letterkunde is aangesteld na het emeritaat van prof. dr. Goffe Jensma. Dit heeft niet te maken met opvolgster dr. Anne Merkuur, zij is een zeer talentvolle en capabele docent die, als jonge Frisist, zeker een belangrijke impuls kan geven aan de studie van de Friese taal. Desalniettemin is het voor de Friese academische wereld een gevaarlijke situatie dat er -als er niets verandert- in ieder geval de komende jaren geen hoogleraar Fries zou zijn, en de rol van dit voltijdshoogleraarschap ingenomen wordt door een universitair docent met een deeltijdsfunctie. Om een relevante positie in de academische wereld te behouden is het belangrijk om ervaren onderzoekers te hebben die zowel vakkundige als onderzoeksvaardigheden met zich meebrengen. Wij zouden dan ook graag de Rijksuniversiteit Groningen aanmoedigen om het sollicitatieproces opnieuw op te starten en nogmaals te pogen om een hoogleraar Fries aan te stellen.

 

Dat er in de politiek nu ook aandacht voor deze kwestie lijkt te zijn vinden wij mooi om te zien. Wij hopen dat deze aandacht er ook toe doet leiden dat de overheid een actieve rol speelt in het stimuleren van het zoeken naar een hoogleraar Fries. Fries is nog altijd een levendige taal die door vele mensen gesproken wordt, jong en oud. Na het opheffen van de bachelor Friese taal en cultuur in 2012 lijkt het niet aanstellen van een hoogleraar Fries een volgende neerwaartse stap te zijn van de positie van het Fries in de academische wereld. Wij maken ons zorgen over welke gevolgen dit op de lange termijn gaat hebben.

 

Wat ons ook zorgen baart is hoe deze situatie de ontwikkelingen omtrent de eventuele master Fries zou kunnen beïnvloeden. Deze master bestaat nog niet, maar prof. dr. Goffe Jensma heeft voor zijn emeritaat nog wel veel werk verricht om hier een opzet voor te maken. Met zijn emeritaat lijkt het minder waarschijnlijk dat er een mastertrack Fries opgezet wordt, terwijl daar wel groot belang aan gehecht dient te worden.

 

Bij F.F.J. Bernlef zullen we ons best blijven doen om de taal en cultuur van het Fries aan zo veel mogelijk mensen bij te brengen, zowel binnen als buiten onze vereniging. Toen wij hoorden dat de Friese vlag bij het academiegebouw kapot is gegaan hebben wij het initiatief genomen om zelf een Friese vlag langs te brengen om tijdelijk op te hangen. Helaas wilden zij deze niet aannemen omdat er al een nieuwe vlag besteld is en zij deze spoedig verwachten te ontvangen. Daarom hebben wij bij onze eigen sociëteit de vlag opgehangen. Niet halfstok, want het Fries is nog steeds springlevend; desalniettemin moet er, om het Fries levend te houden, wel actie ondernomen worden.

 

98e bestuur F.F.J. Bernlef

Reaksjes (0)

Dit jier in Krokuskongres foar de Fryske studinten

2022-04-20 20:06:43

Alle jierren wurdt it Krystkongres organisearre troch de ferskate Fryske studinteferienings
dy’t oer Nederlân ferspraat binne: F.F.J. Bernlef yn Grins, W.S.S.F.S. yn Wageningen en
D.S.S.F.S. Aldgillis yn Delft. Spitigernôch koe twa jier efterinoar it kongres net trochgean
fanwegen koroana. Dêrom hat it kongres dit jier net krekt nei de Kryst plak, mar in oantal
moannen letter: 7 maaie sil it foarste Krokuskongres, it 89e Krystkongres, plakhawwe yn it
prachtige Frjentsjer.

It tema fan dit jier is ‘It lok fan de Friezen’. Dat is foar it kongres fan 2020 al keazen nei
oanlieding fan de earste leefberensmonitor ‘Leven in Fryslân’, útfierd troch it Frysk Sosjaal
planburo: yn 2019 konkludearren sy dat der sprake wie fan in soarte fan ‘Fryske paradoks’.
Se fûnen yn Fryslân nammentlik in situaasje mei oan de iene kant relatyf lege ekonomyske
wolfeart, mar oan de oare kant just hege sosjale wolfeart en lok. Twa jier letter kaam in nij,
wiidweidiger ferslach fan ‘Leven in Fryslân’, en twa jier letter stiet it ûnderwerp fan it Fryske
lok noch hieltyd sintraal op it jierlikse kongres foar Fryske studinten.

Nei in hertlik ûntfangst yn it stedhûs genietsje de studinten fan in kuier troch it moaie
Frjentsjer. Dan begjint it sympoasium, dêr’t in hânfol oan sprekkers allegear ferskate kanten
fan it Fryske lok beljochtsje sille: fan it FSP sels oant de media, de kultuersektor en mear.
Nei it sympoasium is der romte foar diskusje, folge troch in smûke buorrel, eat wat de
studinten gewoan is. Ek studinten dy’t net oansluten binne by ien fan de trije ferienings kinne
harren opjaan foar it kongres troch kontakt op te nimmen fia krystkongres@gmail.com.

Reaksjes (0)

Brânbrief - Oprop ta feroaring coronabelied studinteferieningen

2022-01-24 11:23:31

Lês hjir de brânbrief - oprop ta feroaring coronabelied út namme fan de studinteferieningen yn Grins

Reaksjes (0)

'Alra Fresena Fridom' ynhammere as 97e bestjoer!

2021-09-06 10:25:19

Op tiisdei 31 augustus hat bestjoer ‘De Wyn fan Moarn’ it stokje trochjûn oan it 97e bestjoer fan ús prachtige feriening: ‘Alra Fresena Fridom’. Dizze namme is Aldfrysk en betsjut “frijheid fan alle Friezen”. Yn de 9e iuw krigen de Friezen fan Karel de Grutte in spesjaal frijheidsprivileezje om ûnder syn bewâld harren eigen rjocht te hâlden. In Aldfryske oersetting fan in tekst dy’t hjir op slacht draacht de titel ‘Fon Alra Fresena Fridome’. De namme fan ús bestjoer is hjir op basearre en past fansels hiel goed by in jier dêr't wy hooplik alle frijheid yn werom krije om it âlde ferieningslibben wer op te pakken. Wy binne yn elts gefal al fol entûsjasme oan ús funksjetaken begûn en hoopje jimme dit jier allegear sa as fan âlds wer smûk te moetsjen op soas!

Bestjoer 'Alra Fresena Fridom' bestiet út de folgjende seis persoanen: 
Sierd Prins, foarsitter
Elizabeth Stilma, skriuwer
Arjen van Keimpema, ponghâlder feriening
Fardau Visser, eksterne 
Lex Rietman, ynterne
Afke Tesselaar, ponghâlder SB

Reaksjes (1)

Bernlef foar it goeie doel!

2020-12-17 16:38:00

Bernlef set harren yn foar it goeie doel! Wy hâlde in ynsammelingsaksje wêrby it jild nei de fiedselbank en it ûnderhâld fan 'e Martinitsjerke giet. Yn ruil foar ús donaasje meie wy in nûmer útkieze dat troch de beierdier spile wurdt yn 'e Martinitoer, yn Grins. Dit sil op tiisdei 22 desimber om 12.40 barre, ek binne wy te hearren yn 'e útstjoering fan RTVNoord om 'e selde tiid.
Us leden, mar ek eksternen sette harren te let en te set yn foar dit doel. Us Praeses van der Veer hat op Omrop Fryslân ferteld oer dizze aksje. Dat kinst hjir werom lêze en harkje: Omrop Fryslân

Hâld tiisdei dyn earen spitst dus, dan hearst it Frysk Folksliet troch Grins hinne!

Reaksjes (0)

'De Wyn fan Moarn' ynhammere as 96e bestjoer

2020-09-10 17:43:58

Yntusken bin we al eat mear as in wike oan 'e gong as bestjoer, dus wy fûnen it heech tiid om ús ris foar te stellen. Op 1 septimber hat 95e bestjoer 'Fol Fjoer' it stokje trochjûn oan it 96e bestjoer 'de Wyn fan Moarn'. Dizze namme is ûntstean troch it sprekwurd 'op de wyn fan juster kinst hjoed net sile'. Wy wolle mei in frisse wyn en fol moed ús bestjoersjier folbringe. Wy wolle graach dat de soas tagonklik is foar eltsenien! Undanks koroana wolle wy safolle mooglik aktiviteiten útfiere, ek al sil dat der soms oars útsjen. 

Bestjoer de Wyn fan Moarn bestiet út de folgjende seis persoanen: 
Lucas van der Veer, foarsitter
Nynke Willemijn Elisabeth Stamm, skriuwer
Wim de Jager, ponghâlder feriening
Sharon Hesselink, eksterne 
Marly Visser, ynterne
Jan Wytze Zuidema, ponghâlder SB

Reaksjes (2)

Koroanamaatregels by studinteferienings

2020-06-30 12:55:33

In pear wiken lyn binne der in pear studinten sjoernalistyk op de soas delkaam, benijd nei hoe't wy it dienen mei de koroanamaatregels. Sy hawwe fan ús en fan in pear oare studinteferienings in reportaazje makke dêroer foar harren oplieding.

Anniek Ypenga, studinte sjoernalistyk: 'Groningen kent tientallen studentenverenigingen die allemaal hun deuren sloten tijdens de lockdown. Nu het virus onder controle lijkt te zijn, kunnen ze weer open. Maar hoe zorgen de studentenverenigingen in Groningen ervoor dat hun leden zich aan de coronamaatregelen houden?'

Hjir kinst de fideo fine!

Reaksjes (1)

Berjochtjouwing omtrint it coronafirus

2020-03-13 21:01:54

Update 31 maaie 2020:

De soas mei wer iepen, mar we hawwe dizze maatregels troffen:

  • Der sil by oankomst mei eltsenien in ‘tsjekpetear’ plakhawwe. Moatsto ien fan de fragen beantwurdzje mei “ja” dan hasto spitigernôch gjin tagong ta de Pizel. By twivel meist altyd kontakt opnimme mei it bestjoer. 
  • De soasjeteit sil iepen wêze op tiisdeis en tongersdeis fan 20:00 oere oant 01:00 oere.
  • We soargje foar sitplakken yn de soasjeteit sadat eltsenien 1,5m ôfstân bewarje kin: sjoch ek de plattegrûn fierderop yn dit bestân.
  • Wy soargje derfoar datsto dyn hannen altyd waskje kinst en dyn hannen drûgje kinst mei papieren weismytdoekjes.
  • Om tagong te krijen ta de soas is reservearjen ferplichte. Dit kin via de aginda fan de side. Ynskriuwe kin oant 20:00 oere. Der kinne maksimaal 20 leden, net yn funksje, oanwêzich wêze. 
  • Wy soargje dat der nei en op eltse jûn goed himmele wurdt. 
  • Wy soargje derfoar dat der plestik weismytbekers brûkt wurde.
  • Wy soargje der foar dat der genôch fentilearre wurdt yn it pân.
  • Wy hâlde (nije) parseberjochten en advizen fan de GGD en it ryk yn de gaten en stimme dit ôf op de situaasje.
  • We sille der op tasjen dat de regels neistribbe wurde.

Alle ynformaasje fynst hjir.

 

Update 24 maart 2020:

  • De soas giet ticht oant en mei yn elts gefal 1 juny 2020. Dêrneist is it hâlden fan yllegaaltsjes net tastien.
  • Alle aktiviteiten dy’t pland stiene oant en mei 1 juny 2020 wurde ôfsein, ynklusyf de lustrumwike dy’t pland stie fan 18 oant en mei 24 maaie. 
  • Wy wolle alle kommisjes mei klem advisearje net mear fysyk gear te kommen. Neist kommisjes komme rûnten ek net fysyk gear.
  • Wy roppe al de leden op om harren ferantwurdlikens ek te nimmen. Hâld sels de berjochtjouwing fan it ryk yn de gaten en folgje dizze advizen op! 

 

Update 15 maart 2020:

By dizze wolle wy dy graach op de hichte stelle fan de maatregels dy’t F.F.J. Bernlef nimt omtrint it coronafirus. Hjir fynsto it nijste berjocht oangeande it belied yn relaasje ta it lustrumkamp en oare aktiviteiten mei de feriening, oanpast op it nije coronabelied, dat hjoed yn wurking treedt. Dit belied is opsteld nei kontakt mei de GGD, kennis naam hawwende fan de advizen en rjochtlinen fan de oerheid, oerlis binnen it bestjoer en mei it kolleezje fan riedslju en rekken hâldend mei de ûntwikkelings en soargen binnen de feriening. Nettsjinsteande sil it bestjoer de kommende tiid de ûntwikkelings rûnom it firus skerp yn de gaten hâlden bliuwe en it belied wêr nedich oanpasse. By wizigingen wurdt eltsenien op de hichte steld. Wy nimme de ûntwikkelings uterst serieus en wolle dat de leden dat ek dogge. De wichtichste saken op rij:

  • De soas giet ticht oant en mei yn elts gefal 10 april 2020. Dêrneist is it hâlden fan yllegaaltsjes net tastien.

  • Alle aktiviteiten dy’t plant stiene oant en mei 10 april 2020 wurde ôfsein, ynklusyf it lustrumkamp dat plend stie op 20 oant en mei 22 maart. 

  • Wy wolle alle kommisjes mei klem advisearje allinnich fysyk gear te kommen as dat needsaaklik is. Neist kommisjes komme rûnten ek net fysyk gear.

  • Wy roppe al de leden op om harren ferantwurdlikens ek te nimmen. Hâld sels de berjochtjouwing fan it ryk yn de gaten en folgje dizze advizen op! 

Wy kinne ús foarstelle dat de besluten fragen oproppe by de leden. Dêrom kinne jim mei fragen altyd persoanlik by it bestjoer terjochte (mail nei skriuwer@bernlef.frl (Welmoed Sjoerdstra) of stjoer in appke nei +31612611224 (foarsitter Anne-Wil Bakker)). 

 

Berjocht fan 13 maart 2020:

By dizze de maatregels dy’t F.F.J. Bernlef treft omtrint it coronafirus. Yn dit berjocht fynsto twa beliedsstikken, ien oer it oansteande lustrumkamp en ien oer de sosjéteit. Dizze beliedsstikken binne opsteld nei kontakt mei de GGD, kennis naam hawwende fan de advizen en rjochtlinen fan de oerheid en oerlis binnen it bestjoer en mei it kolleezje fan riedslju. De kommende dagen sil it bestjoer de ûntwikkelings rûnom it firus dan ek skerp yn de gaten hâlde en sil it belied wêr nedich oanpast wurde. By wizigingen fan it belied stelle wy jim fansels op de hichte. Wy nimme de ûntwikkelings uterst serieus en wolle dat de leden dat ek dogge. De wichtichste saken op rij:

• De soas bliuwt iepen en it kamp giet troch
• Wy sille maatregels nimme om fersprieding fan it firus tsjin te gean (tink oan it skinken yn plestik, brûken fan papieren handoekjes, altyd genôch hânsjippe ta beskikking hawwe)
• Fielsto dy ferkâlden of siik? Bliuw dan thús.

Wy hoopje dy hjirmei foldwaande op de hichte steld te hawwen fan de maatregels omtrint it coronafirus. Mochtesto nei oanlieding fan dit berjocht noch fragen hawwe, twifelje dan net om se te stellen oan it bestjoer!

Reaksjes (0)

'Fol Fjoer' ynhammere as 95e bestjoer

2019-10-09 16:44:07

We binne yntusken alwer in moanne oan de gong as bestjoer, dat it is heech tiid om ússels ris efkes foar te stellen. Op 3 septimber 2019 is nammentlik it 94e bestjoer Fier Foarút úthammere en hat it 95e bestjoer Fol Fjoer it stokje oernaam. De namme is keazen mei it each op de waarmte dy’t de Pizel biedt, dy’t wy graach útstrale wolle nei de leden. It thúsgefoel dat de leden ûnderfine op de soas wolle wy graach stimulearje. Fol fjoer stjit ek foar de motivaasje dy’t de bestjoersleden fiele om it jier ta in súkses te meitsjen. Bestjoer Fol Fjoer bestiet út de folgjende seis persoanen: 
Anne-Wil Bakker, foarsitter
Welmoed Sjoerdstra, skriuwer
Anno Hofman, ponghâlder feriening
Robert de Boer, eksterne 
Jantsje Kroes, ynterne
Marten Wytze Algra, ponghâlder SB

Reaksjes (0)

F.F.J. Bernlefs lustrumlikeur ‘Skroevedraaier’ bottele yn Boalsert

2019-10-09 16:35:58

Yn gearwurking mei de Boalserter distillearderij de Stiekeme Stoker hat studinteferiening F.F.J. Bernlef op 4 oktober 2019 har eigen lustrumlikeur bottele. Ta eare fan it 19e lustrum fan de feriening is de drank ûntwurpen en bottele, en dêrneist wurde der troch it kommende jier tal fan oare ludike en feestlike aktiviteiten organisearre. It lustrumslokje is in echte Fryske amandellikeur, dat ‘Skroevedraaier’ hjit, passend by it tema fan it lustrum ‘Ut ‘e Skroeven’.

De middei begûn by de Stiekeme Stoker yn Boalsert, doe Wiepie Oenema de leden fan Bernlef fertelde oer syn stokerij en syn dranken. Dêrnei wie de ear oan Piter Wilkens om de earste flesse te botteljen en dêrnei te sinjearjen, sadat dy flesse letter dit jier foar it goede doel feild wurde kin troch it bestjoer fan de Bazes, in studinte-organisaasje dy’t ferskate aktiviteiten organisearret om jild op te heljen foar in goed doel. De feestlike dei waard muzikaal omlijst troch Wilkens, ûnder it genot fan it gloednije drankje en in pear hearlike hapkes koe eltsenien genietsje fan de muzyk.

De earste flessen Skroevedraaier binne doe op ludike wize nei Grins ta brocht, nammentlik troch in fytstocht fan 95 kilometer yn estafettefoarm. Fjouwer koppels hawwe elts 23 kilometer fytst, wêrnei’t se entûsjast ûntfangen waarden troch de rest fan de leden op de sosjéteit. Einliks koe der dan ek op de sosjéteit proast wurde mei de lustrumdrank.

Oankommend jier binne de flessen Skroevedraaier eksklusyf te krijen by F.F.J. Bernlef op sosjéteit de Pizel, oan de Túnstrjitte 22 yn Grins.

Reaksjes (0)

Bernlef giet 'Grinsleas'!

2019-08-28 15:27:14

Op 31 augustus giet it oan, Bernlef sil de grins tusken Grinslân en it Heitelân oerstekke om dêr de (feest)tinte op 'e kop te setten! Ta eare fan it 19e lustrum sil ús eigen tintefeestkommisje eltsenien deroan herinnerje dat Bernlef noch like grinsleas is as oars, mei in tintefeest in Marsum. Mei Piter Wilkens as foarprogramma, in spektakulêr optreden fan Exposure, en ek DJ All Tha Fokk sil it grif in super moaie partij wurde! 

Tickets binne te krijen op www.lustrum.org/tintefeest!

Reaksjes (0)

Pimelpraat op Omrop Fryslân!

2019-05-01 15:01:15

Hjoed hat ús lid Daan van Soeren yn de radio útstjoering fan Omrop Fryslân fertelt oer syn Harpestik dat in Fryske namme siket foar it Nederlânske wurd 'piemel'. Fansels kinst dat nei 'pimel' omsette, mar nei de Fryske fertaling fan 'vagina', nammentlik 'flomke', wolle de manlju ek wol in moai wurd foar harren geslachtsdiel. De kar is tusken Grutte Pier, Pyst, Iik, Bûkeman en Wisp. Oant oankommende freed, 3 maaie, kinst sels ek noch stimme foar it nije wurd fia dizze link.

Omrop Fryslân hat frege oft sy mei immen prate koenen oer it stik, nei't de Ljouwerter Krante it oppikt hie. De útstjoering is hjirre te finen, it stikje oer Bernlef begjint op 43.00. 

Reaksjes (0)