FFJ Bernlef is in feriening mei in sterke Fryske identeit. Bernlef is yn maaie fan it jier 1925 oprjochte en is nei Vindicat en Albertus de âldste studinteferiening fan Grins.
De namme komt fan de Midsieuske bard Bernlef, dy’t mei syn harpe en bel rûn reizige troch it Fryske lân. De harpe en de bel stean sintraal yn it wapen fan Bernlef.
Yn de begjinjierren wie de feriening lyts. Der wie ek nog gjin eigen pân. De leden kamen by elkoar yn kroegen. Der waarden gearkomsten organisearre wêr’t polityk, literatuer, skiednis, mar benammen de Fryske taal en kultuer sintraal stienen.
Ek yn oare stêden, lykas Delft, Amsterdam en Útert, wiene Fryske studinteferieningen aktyf. Yn 1930 is dêrom de ‘Federaasje fan Fryske Studinteferienings’ oprjochte.
Yn 1971 is der in âld bananepakhús fan de gemeente kocht en fanôf dit stuit hie de F.F.J. in eigen sosiëteit. Ús kroech wurdt ek wol ‘De Pizel’ neamd. It pân stiet yn de Túnstrjitte, op krûpôfstân fan de Grinzer binnenstêd.