Utlânskereiskommisje (URK)
De URK organisearret de útlanske reis. Dit kin in liftkriich wêze, mar ek in organisearre reiske nei it útlan.
Kommisjes
By Bernlef ha we in hiel soad aktive kommisjes. Sy binne ferantwurdlik foar in ferskaat oan saken. Guon organisearje aktiviteiten, wylst oaren harren dwaande hâlde mei altyd rinnende taken. Hjirûnder in oersjoch fan de wichtichste kommisjes.
Utlânskereiskommisje (URK)
De URK organisearret de útlanske reis. Dit kin in liftkriich wêze, mar ek in organisearre reiske nei it útlan.
De Taperskommisje
De taperskommisje soarget dêrfoar dat der elke soasjûn en op spesjale feestjes genôch fris kâld stiet, en bier tape wurdt. Sy binne dus op sa'n jûn mei ferantwurdlik foar de bar.
Kasko
De kaskommisje stipet en advisearret de ponghâlders oanbelangjende harren boekhâlding. Meastal sitte de âld-ponghâlders yn dizze kommisje, minsken mei ûnderfining yn sifers en oare entûsjaste minsken binne natuerlik ek wolkom.
Beunkommisje
De beuners dogge de nedige putsjes yn en rûnom de soas. Sy hingje bygelyks de fotokollaazje yn it húske op.
De Galakommisje
Elts jier fersoarget de galakommisje in gala. Sy soargje u.o foar de lokaasje, muzyk en oanklaaiing.
Itensiederskommisje
Sa no en dan ite wy mei syn allen op'e pizel, op dizze dagen ferrsoarget de itensiederskommisje it iten. Sy soargje der foar dat der boadskippen dien wurde en siede fansels it iten.
FJK1
De foarstejierskommisje 1 is ferantwurdlik foar it organisearjen fan de aktiviteiten tidens de Keiwike. De kommisjeleden planne wat der barre sil, soargje dat de júste minsken op it júste stuit op it júste plak binne en feeste foaral goed mei tidens de Keiwike.
PK
PK stiet foar promoasjekommisje, dizze kommisje regelet dus alles dat te krijen hat mei promoasje en reklame fan de feriening. Dit is, yn tsjinstelling ta de FJK’s, in kommisje dy it hiele jier troch aktyf is.
FJK2
De foarstejierskommisje 2 organisearret ek aktiviteiten. Sy binne ferantwurdlik foar it yntroduksjekamp foar de foarstejiers nei de Keiwike en derneist foar de iepen dagen yn oktober. Tidens dizze iepen dagen is Bernlef trije jûnen iepen foar eltsenien dy delkomme wol.
AKKO
AKKO stiet foar aktiviteitenkommisje. De AKKO organisearret troch it jier hinne allerlei losse aktiviteiten, sa as in iepen poadium, in Eat&Greet en it útnoegjen fan sprekkers foar ynteressante lêzings.
FJK3
De foarstejierskommisje 3 organisearret yn febrewaris de Kiezel. Dit is de lytse fariant fan de Keiwike, mei iepen dagen by in soad lytsere ferieningen yn Grins. Ek is de FJK3 ferantwurdlik foar de organisaasje fan it maartkamp.
Snuteboekkommisje
Dizze kommisje makket de almenak fan Bernlef, of wol it Snuteboek. Troch dizze kommisje wurdst jierliks wer hielendal op de hichte steld fan alle roddels en feitsjes oer alle leden.
Harperedaksje
Dit is de kommisje dy de Harpe, it ferieningsblêd fan Bernlef, skriuwt en útbringt. Seis kear yn it jier leverje se in blêd mei stikken oer fannalles en noch mear. Tige ynteressant!
Dieskommisje
Dizze kommisje is der ferantwurdlik foar dat de Dies, de jierdei fan de feriening, in moai feest wurdt. Sy organisearje dan in wykein mei leuke aktiviteiten en in band. Ien kear yn de fiif jier wurdt dit echter dien troch de lustrumkommisje.
YR
YR stiet foar ynternetredaksje. Dizze kommisje soarget dus foar it funksjonearjen fan de webside.
Lustrumkommisje
Dizze kommisje is der mar iens yn de fiif jier. Sy organisearret troch it hiele lustrumjier hinne in ferskaat oan aktiviteiten. It lustrumjier wurdt ôfsluten mei de lustrumwike, wêryn der eltse dei in aktiviteit is. Dizze kommisje hat in soad ferantwurdlikheden. It is dan ek de grutste kommisje dy Bernlef hat. Faak hat dizze kommisje in oantal subkommisjes.
Fotokom
De fotokom is der ferantwurdlik foar om alle foto’s dy’t makke wurde tidens soasjûnen en feestjes te behearen. Se sette foto’s online en meitsje iens yn de safolle tiid fotokollaazjes.
KBK – Komputer Behear Kommisje
Alle kompjûter hardware op de Pizel wurd beheard troch dizze kommisje. Fan telefyzjes oant triedsjeleas ynternet fan de kaskompjûter oant de backupserver, se meitsje it allegear.
De Krystkongreskommisje
De krystkongreskommisje organisearret elk jier yn de krystfakansje in kongres. It fynt eltse kear plak yn de Bogt fen Guné yn Frentsjer. De earste kear dat it krystkongres halden waard wie yn 1931. Der binne altiten ferneamde sprekkers oanwêzich.
De Tostykommisje
De Tostykommisje hat de nommele taak om te soargjen dat der altyd genôch tosty's yn it laad lizze. Sy soargje der boppedat ek foar dat der genôch fariaasje bestiet yn'e tosty's dy't sy bouwe.
Fryskeleskommisje
De kommisjeleden soargje derfoar dat it Fryske taalnivo fan de leden noch better wurdt as dat it is. De kommisjeleden binne nammentlik stik foar stik útsûnderlik goed yn de Fryske taal, en probearje dit oer te bringen op de leden troch Fryske les te jaan.
Nijsgjirrich nei de kommisjes?
Tinksto der oer nei om in kommisje te dwaan? Hâld dan de ledemail yn de gaten, der sille wy in oprop pleatse as der nije kommisjeleden socht wurde. Do meist fansels ek alyd de ynterne in berjochtsje stjoere ast nijsgjirrich bist of fragen hast oer de kommisjes!
2015 © FFJ Bernlef