Dit jier in Krokuskongres foar de Fryske studinten

20 April 2022

Alle jierren wurdt it Krystkongres organisearre troch de ferskate Fryske studinteferienings
dy’t oer Nederlân ferspraat binne: F.F.J. Bernlef yn Grins, W.S.S.F.S. yn Wageningen en
D.S.S.F.S. Aldgillis yn Delft. Spitigernôch koe twa jier efterinoar it kongres net trochgean
fanwegen koroana. Dêrom hat it kongres dit jier net krekt nei de Kryst plak, mar in oantal
moannen letter: 7 maaie sil it foarste Krokuskongres, it 89e Krystkongres, plakhawwe yn it
prachtige Frjentsjer.

It tema fan dit jier is ‘It lok fan de Friezen’. Dat is foar it kongres fan 2020 al keazen nei
oanlieding fan de earste leefberensmonitor ‘Leven in Fryslân’, útfierd troch it Frysk Sosjaal
planburo: yn 2019 konkludearren sy dat der sprake wie fan in soarte fan ‘Fryske paradoks’.
Se fûnen yn Fryslân nammentlik in situaasje mei oan de iene kant relatyf lege ekonomyske
wolfeart, mar oan de oare kant just hege sosjale wolfeart en lok. Twa jier letter kaam in nij,
wiidweidiger ferslach fan ‘Leven in Fryslân’, en twa jier letter stiet it ûnderwerp fan it Fryske
lok noch hieltyd sintraal op it jierlikse kongres foar Fryske studinten.

Nei in hertlik ûntfangst yn it stedhûs genietsje de studinten fan in kuier troch it moaie
Frjentsjer. Dan begjint it sympoasium, dêr’t in hânfol oan sprekkers allegear ferskate kanten
fan it Fryske lok beljochtsje sille: fan it FSP sels oant de media, de kultuersektor en mear.
Nei it sympoasium is der romte foar diskusje, folge troch in smûke buorrel, eat wat de
studinten gewoan is. Ek studinten dy’t net oansluten binne by ien fan de trije ferienings kinne
harren opjaan foar it kongres troch kontakt op te nimmen fia krystkongres@gmail.com.

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.