Sylalvestêdekriich 2017

23 Juny 2017 01:30:00

Yn 2017 daagje de leden en âldleden fan Bernlef de oare Grinzer studinteferienings út om mei ien as meardere tiems diel te nimmen oan de 5e edysje fan de sylalvestêdetocht. Fansels wolle wy as Bernlef ek safolle mooglik boaten it wetter op stjoere om sa de kâns op in Fryske winner te fergrutsjen. Kinst sile as tinkst datst op in oare manier bydrage kinst oan it rap ferpleatsen fan in sylboat (tink oan: jeie, peddelje as bome) en hast nocht om dizze útdaging oan te gean dan kinst dy hjirûnder opjaan.

Fansels wolle wy dy net ôfskrikke mar do moatst dy wol goed realisearje wêrst oan begjinst. De tocht begjint nei alle gedachten op in freedtemoarn om in oerke as 6:00 en dêrnei moatst mei in polywikel (polyvalk) 200 km sûnder te stopjen, dus dei en nacht troch, de 200 km lange rûte folbringe. Yn de rûte sitte hast 200 brêgen en der is net ien heech genôch om sûnder te striken te passearjen. Ek sitte der 2 slûskes yn dy’t it Bild ûntslute mar gelokkich binne dy automatisearre. Neist dizze troch de minsk oanleine hindernissen hat ek de natoer noch in ferskaat oan oerhingjende beammen regele en fansels binne der in ferskaat oan ûndjipten, streamings, fûken en tsjinlizzers dy’t jim bytiden dwers sitte kinne. Dêrneist rekkenje wy op in stikmannich dielnimmers fan de oare studinteferienings lykas Vindicat, Albertus, Dizkartes, Cleopatra, Unitas, Hendrik ensfh. dy’t faaks ek noch hinder opsmite kinne. It rekôr stiet op dit stuit op sa’n 60 oeren mar dêrby wie de wyn net al te geunstich. It moat neffens ús binnen 40 oeren kinne.

Liket it dy noch hieltyd wol wat ta en wolst do de ear fan Bernlef graach heech hâlde? Meld dy dan no oan en lûk mei ús it seil heger as de mêst.

Bist bang dat it dy dochs te dreech is mar fynst it evenemint op ‘m sels wol geweldich, dan kinst dy ek opjaan as helper. Tink dêrby bygelyks oan in stimpelpost yn ien fan de stêden as in plakje yn de biezemboat. It kin ek handich wêze om de dielnimmers hjir en dêr fan wat lekkers te foarsjen. Wy kinne alle help brûke. Foar de helpers is in apart oanmeldpart yn de aginda makke.

Ps de datum is noch ûnder foarbehâld.

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.

Ynskriuwingen

Do moast ynlogge om dy yn te skriuwen.