Op 23 oktober is, wêrom fan fuort, it Halloween feest! Sykje dyn moaiste/engste outfit út, kom del fan 21:00 ôf en dejinge mei de moaiste outfit wint in priis! Mar let op!! Ast net ferklaaid komst, dan kin it noch wol ris hiel spooky wurde, want dan stiet der faaks wol in straf op dy te te wachtsjen… Nim dyn freonen mei, eltsenien is wolkom!
7 novimber is it wer tiid foar de iependei! Dizze dei sille wy begjinne mei in smûke frijmibo. Fanôf 16:00 binne jimme wolkom op soas foar spultsjes en natuerlik wat snackjes! Ast noch net fol bist nei de snackjes, kinst om 18:00 oanslute by it jûnsiten. Dernei is der fanôf 21:00 live muzyk fan Sytse Haima!
Kom del mei dyn maten en sjoch ris by Bernlef om 'e hoek! It tema is ûnder de see, dus wy sille in lekker blau drankje yn'e oanbieding ha: de blue lagoon! Kom ferklaaid as dyn favorite seebist en dan meitsje wy der in leuk feestje fan!
Skriuw dy hjirûnder yn foar it jûnsiten. Dieetwinsken kinst oanjaan yn 'e reaksjes.
Renske de Boer
2015 © FFJ Bernlef