Sylalvestêdekriich 2017 helper

23 Juny 2017 01:30:00

Yn 2017 daagje de leden en âldleden fan Bernlef de oare Grinzer studinteferienings út om mei ien as meardere tiems diel te nimmen oan de 5e edysje fan de sylalvestêdetocht. Atst dy sels net geskikt achtest om mei te dwaan oan dizze barre tocht dan kinst ús noch altyd op in oare wize bystean. Wy kinne dyn help goed brûke by bygelyks it stimpeljen fan de stimpelkaarten yn ien fan de stêden. Ek kinst faaks aktyf wêze yn in eventuele biezemboat. By de start en de finish kinne wy fansels ek wat help brûke en faaks binne der minsken dy’t der aardigheid yn hawwe om der in moai ferslach fan te dwaan op de sosjale media. Ast do tinkst datst in bydrage leverje kinst dan meist dy hjir oanmelde. Faaks kin wy dan Bernlef yn ien wykein yn heal Fryslân op de kaart sette.

 

Ps de datum is noch ûnder foarbehâld.

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.

Ynskriuwingen

Do moast ynlogge om dy yn te skriuwen.