de Bogt fen Guné, Frentsjer

Krystkongres '16

28 Desimber 2016 10:30:00

Krystkongres


Noch sawat in moanne wachtsje en dan is it sa fier. Tiid foar ien fan de moaiste Bernef eveneminten fan it jier: it Kryst Kongres. Ek dit jier wer yn de Bogt fan Gûne yn Frjentsjer. It tema dit jier is: 'De Fryske Identiteit'. Wy wolle in antwurd op de fraach: Bestiet de Fryske identiteit? En sa ja wat is dizze identiteit?

Ferskate sprekkers sille op it sympoasium har antwurd op dizze en mear fragen jaan. Neist it sympoasium binne der ek de fêste aktiviteiten lykas: de stedskuier, de bierkriich, de dellekriich en de kabaretkriich. Dit is dus in feest watsto net moast missen. Yn de jûn kinne wy fansels lekker sliepe yn Grand Hotel le Terp. Jou dy dus fluch op fia it formulier hjirûnder, dan hâlde wy dy op de hichte. Ek it folsleine programma kinsto fyne yn de link. Wy hoopje jimme allegearre te sjen op it kongres. 

Groetnis,
De Kryst Kongres Kommisje

https://goo.gl/forms/dXwtgbQzjaTmJDze2

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.

Ynskriuwingen

Do moast ynlogge om dy yn te skriuwen.