am soas

Keiwike tongersdei - KINGS OF DIAMONDS! (LIVE)

16 Augustus 2018 13:00:00

Op tongersdei binne wy oanwêzich op it lustrumfestival mei wetterballen, sa kinsto efkes op it wetter kopketûmelje sûnder wiet te wurden, is dat net moai? Fansels kinsto hjir ek al dyn fragen stelle oer ús feriening en lid wurde!

Ek stiet de fergees lunsj wer foar dy klear op de Tuinstraat 22 fan 13-15 oere! Dêrnei kinsto de middei wer tsjillend en spuljend op ús banken/sitsekken trochbringe.


Ek kinsto de jûns rûn 18o wer mei ús mei ite mei de Eat & Greet. Dit sil in barbekjû wêze. Jou dy hjir efkes foar op fia 0652066919.


Fanôf 21.30 sil de band 'KINGS OF DIAMONDS!' it dak fan de Pizel ôfblaze!

KINGS OF DIAMONDS!
Se binne begûn as skoalband en binne as fiif freonen útgroeid ta in strakke rockband dy't elk festival, feesttinte, klup of doarpsfeest op syn kop set!
In jûn KINGS OF DIAMONDS is in jûn meisjonge mei in ferrassend modern repertoire, mar ek covercliché's wurde net mijd. De kombinaasje fan de hjoeddeiske Top40 tegearre mei popklassykers fan doetiids soarget der foar dat in jûn KINGS OF DIAMONDS in grut sukses wurdt!

Binne jimme der klear foar?!

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.

Ynskriuwingen

Do moast ynlogge om dy yn te skriuwen.