Sylalvestêdetocht 2015

29 Juny 2015

Yn it lêste wykein fan septimber sil it wer heve. Wy dogge dan alwer ús tredde poging om de alvestêderûte te bedwingen yn in polywikel. Trije kear is skipsrjocht seit men dat it moat no goed komme. It idee is ienfâldich, jim kinne fergees meidwaan. Elke groep silers moat sels in boat hiere, bygelyks by Hoora yn Heech. De start sil by Hoora yn de haven wêze. Foar iten en drinken moat jim sels soargje. De organisaasje regelt fierders neat. It is ferstandich om mei minimaal 2 betûfte silers te faren. Wy fare dei en nacht troch. De oare 2 as 3 bemanningsleden moat goed bome, peddelje as jeie kinne mar dat leart gau.  

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.