Studearje en de soarchfersekering

13 Novimber 2015


Studearje en de soarchfersekering

Studearje komt op 'e bûse oan. Net allinnich wat 'e kosten fan 'e stúdzje oanbelanget, mar ek dyn keamer en 'e soarchfersekering moatte betelle wurde. En dan hawwe wy it noch net iens oer it werom beteljen fan 'e stúdzjefynansjiering! De soarchfersekering jaget de measte Nederlanners op kosten, mar dat hoecht foar studinten perfoarst net it gefal te wêzen. Yn dit stik, skreaun troch http://goedkoopstezorgverzekering.nl, kinst dyn ljocht opstekke en ynformaasje ynwinne, sadatst sa min mooglik kwyt bist oan de soarchfersekering.

Ferplicht fersekere

Dêr kinst net ûnder út komme, de soarchfersekering. It is wetlik fêstlein dat alle ynwenners fan Nederlân ferplicht fersekere hearre te wêzen, oars kin immen yn 'e boete falle. Dizze wetlike ferplichting hat allinnich út te stean mei de basisfersekering, net mei oanfoljende fersekerings.

Ynhâldlik is de basisfersekering ek troch de wet fêstlein en de dekkings binne foar alle soarchfersekeraars itselde. Ferskil is der allinnich op het mêd fan 'e klantenservice. Boppedat kin der ûnderskied wêze yn 'e kar fan behannelings. In studint kin aardich jild besparje troch te kiezen foar in basisfersekering sûnder frije kar. Yn gefal fan sykte wiist de soarchfersekeraar dan in behanneler oan. Mochten de syktekosten net weromkomme, dan smyt dit aardich jild op.

It eigen risiko

Oan 'e basisfersekering sit in eigen risiko fêst. De soarchkosten dy't as earste makke binne en dy't like heech binne as it eigen risiko, moat immen sels betelje. It is mooglik om foar 2016 by it ferplichte (minimale) eigen risiko fan 385 euro, noch 500 euro op te tellen. It eigen risiko wurdt dan 885 euro. Wat heger it eigen risiko, wat leger de preemje fan 'e basisfersekering. Mar in heech eigen risiko nimt net wei dat men flink ta de pong moat, mochten der ynienen in protte soarchkosten foar it ljocht komme.

Soarchtaslach

Om de fêste lesten te ferlichtsjen, kinst soarchtaslach oanfreechje. Der binne wol in tal betingsten oan 'e takenning fan dy taslach, mar hast alle nederlânske studinten foldogge hjir wol oan: immen moat 18 jier of âlder wêze, net te folle fertsjinje en in nederlânske soarchfersekering hawwe. De soarchtaslach kin immen aardich temjitte komme. De moanne-taslach foar 2016 is noch net bekindmakke, mar it sil om-ende-by 84 euro wêze.

http://goedkoopstezorgverzekering.nl

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.