Studearje by Bernlef

12 Jannewaris 2016

Studearje by Bernlef

Om’t de UB hyltyd foller en foller wurdt, jout Bernlef no de kâns oan leden om op ‘e soasjeteit te studearjen. Om dit in bytsje knap te organisearjen wurdt der wol ferwachte dast dy oan bepaalde saken hâldst. Wy hawwe hjirûnder wat op in rychje set.

  1. Do komst hjir om te studearjen, fanôf 21.30 meist wer oan ‘e tap sitte.
  2. Wês stil, oerlis mei oan ‘e bar, dus net op ‘e studzjelokaasje.
  3. Kom net oan ‘e musykkompjûter. Ek dit mei jûn om 21.30 wer.
  4. Kofje is fergees, mar meitsje der gjin bende fan.
  5. Studearje kin fanôf 9.00 oant 21.30. Hjirnei wurd de serieuze dei fansels ôfsluten mei in pilske (of in beerenburgje fansels).
  6. Der binne 15 wurkplakken. Mocht dit net genôch wêze dan sjogge we opnij nei de sitewaasje.
  7. In prinsipe binne der gjin kompjûters beskikber. Soargje dus dast dyn laptop by dy hast. Der binne genôch stopkontakten.
  8. Bernlef hat studzjeplakken fanôf 18 oant 29 jannewaris.

 

Súkses mei de studzje!

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.