Sportliterêre jûn: de Tour de Frise

15 Juny 2017

Op 30 juny, de deis foardat de Tour de France begjint, ferskynt de Fryske ferzje fan Ventoux by Utjouwerij Regaad. In magistrale roman fan de bekende skriuwer/sjoernalist Bert Wagendorp, oer freonskip en fytsen, jeugd en leafde, tiid en skuld, en dat alles tsjin it dekôr fan de 'Reus fan de Provence', de 'Keale Berch'... de Mont Ventoux!

Ventoux is dé Nederlânske bestseller fan de ôfrûne jierren, mei al mear as 200.000 ferkochte eksimplaren, in ferfilming en gâns oersettings... mar noch net yn it Frysk! Dat foel âld-Lemster Bert Wagendorp ek op, dy't fan 't winter dan ek nei in Fryske oersetting pinfiske. Fansels ha wy dy kâns fuort pakt, en Martsje de Jong, dy't yn 2016 foar ús al De GFR sa prachtich ferfryske hie, hat ek no wer in hearlike oersetting makke.
 
De presintaasje sil wêze op freedtejûn 30 juny yn Grins, by FFJ Bernlef. Dêr pakke we út mei in moaie sportliterêre jûn: de Tour de Frise.

Oan it program wurkje mei: Bert Wagendorp, Joop Atsma, Jaap Krol, Edwin de Groot, Geart Tigchelaar, Martsje de Jong en de eardere Fryske fytsprof Eddy Schurer. De jûn wurdt folle mei anekdoaten, kollums, gedichten, ynterviews, filmbylden, en in sportmuzykkwis – en fansels wurdt Ventoux presintearre. Nei ôfrin fan it programma sille Bert Wagendorp en Martsje de Jong ek sinjearje.

Fan 20.00 oere ôf is de soas fan FFJ Bernlef (Tuinstraat 22, Grins) iepen, it programma set om 20.30 útein. Sjoch ek op regaad.nl. Jim binne fan herten wolkom!

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.