Krystkongres yn Frjentsjer

26 Desimber 2016

Noch sawat in moanne wachtsje en dan is it sa fier. Tiid foar ien fan de moaiste Bernlef eveneminten fan it jier: it Kryst Kongres. Ek dit jier wer yn de Bogt fan Guné yn Frjentsjer. It tema dit jier is: 'De Fryske Identiteit'. Wy wolle yn diskusje oer de fraach: Bestiet de Fryske identiteit? En sa ja, wat is dizze identiteit?

Ferskate sprekkers sille op it sympoasium har antwurd op dizze en mear fragen jaan. Neist it sympoasium binne der fansels ek de fêste aktiviteiten, lykas: de stedskuier, de bierkriich, de dellekriich en de kabaretkriich. Dit is dus in feest watsto net misse woslt! Yn de jûn kinne wy fansels lekker sliepe yn Grand Hotel le Terp. Jou dy dus rap op fia it formulier hjirûnder, dan hâlde wy dy op de hichte fan it lêste nijs. Ek it folsleine program kinsto fyne yn de link. Wy hoopje jimme allegearre te sjen op it kongres. 

Groetnis,
De Kryst Kongres Kommisje

https://goo.gl/forms/dXwtgbQzjaTmJDze2

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.