Iepeningswykein LF2018

20 Jannewaris 2018

Yn 2018 sille der yn it kader fan kulturele haadstêd 2018 tal fan projekten en eveneminten plak hawwe yn Ljouwert, mar ek yn oare streken fan Fryslân. Op freed 26 en sneon 27 jannewaris sil it iepeningswykein fan LF2018 plak hawwe yn Ljouwert. 

Op 26 jannewaris sil der fan 19-22o ferhalen ferteld wurde op ferskate plakken yn Fryslân (op 2018verhalen.nl kinsto fine wêr presys). Minsken wurde by inoar brocht om ferhalen te fertellen en te belústerjen. Dit bart u.o yn musea, op bysûndere lokaasjes en by minsken thús. In nijskjirrige legende, in persoanlik ferhaal, in ferhaal oer in foarwerp: it kin allegear. De dielnimmende musea sille dizze jûn fergees tagonklik wêze. 

Op 27 jannewaris is der in wiidweidiger programma:
Yn oanrin nei it Adje Lambertsz-projekt, ien fan de haadprojekten fan LF2018, sille bern fan 14.00-14.30 op ferskate plakken yn Ljouwert in flashmob opfiere. Lit dy ferrasse! 

Fan 19-21 is der in stêdskuier en kinsto dwers troch ympresjes fan it 2018-jierprogramma rinne. 

21.15-22.15  komt elkenien tegearre ûnder tweintich Oldehovetoeren, it sil in grut muzikaal spektakel wurde mei it Noard-Nederlâns orkest, hûnderden muzikanten op daken, toeren en balkons. Mei rom tûzen koorleden en in soad dûnsers. It jier wurd offisjeel iepene mei muzikaal fjoerwurk! Soargje dus datst dêr by bist!

Der is fansels ek in afterparty wêr'tsto hinne kinst! fan 22-3o is der live muzyk, ek sil  der yn de neushoorn, it Schaaf Theater en yn de Kopertún muzyk wêze.

Kinst der net by wêze? Der wurdt in sfeerympresje fan de iepening jûn fan 21.35-22.15 op NPO1. 

In delegaasje fan it bestjoer sil foar it iepeningswykein ôfreizgje nei Ljouwert! Wolsto mei? Skriuw dy dan efkes yn fia de aginda op'e side. 

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.