Der giet dochs wol wat boppe Grins

8 Novimber 2017

Op it Grinzer Forum, by de grutte merke yn Grins, wapperde tiisdeitemoarn de Fryske flage, stadjers stienen fernuverd te sjen. 

De flage waard troch de Fryske betonploech op de bekisting fan it bouwwurk delsetten om te markeren dat de lêtste betonstoarting plakfûn hie. It heegste punt is noch net berikt en  dit wurdt pas rûn 1 febrewaris ferwachte. 

Ynmiddels is de flage, troch yngrypen fan de projektorganisaasje, wer fuorthelle. It die blyken dat in Fryske flage op it Grinzer Forum dochs net sa handich wie. 

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.