Aktiviteiten yn de lêtste wike

16 Desimber 2015

Yn de lêste wike dat de soas iepen is stean der twa grutte aktiviteiten op de planning. Op tiisdei is de tige wichtige HG mei de presintaasje fan it belied en de sifers fan it foarige bestjoer. Kom allegear del foar dizze wichtige gearkomste. 

Tongersdei fynt it lêste feest fan 2015 plak: it midwinterfeest. Foarôfgeand oan it feest sil der in hearlik menu foar jim klear stean. Asto ek bei dit spesjale diner oanwêzich wêze wolst, dan moast even kontakt opnimme mei Jeroen Rolloos. 

Freed is de soas noch iepen foar in lêste pilske, want dêrnei giet de soas yn ferbân mei in ferbouwing ticht oant 31 desimber. Fansels kinsto wol by Bernlef delkomme om it nije jier goed te begjinne mei in glês sjampanje as in pilske! Ek sil der gûrmette wurde op de soas en it bestjoer betellet it iten. Harstikkene moai, dat skriuw dy no yn! 

Oant sjen! 

 

 

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.