YNSKRIUWE IS FOAR IT ITEN!
Tiisdei 19 april gean wy los mei de Iepen Dagen! Hasto yn de KEI-Wike noch net de kâns hân om del te kommen? Of woest earst graach skoalle oansjen foardatst delkomst op de iennichste Fryske kroech yn Grins? Gjin soargen! Dizze trije dagen kinsto dy ferdjipje yn de Bernlef-kultuer en écht sjen hoe't it der hjir oan ta giet.
Tiisdei begjinne we mei in aldermachtichst moai temafeest. It tema fan de iepen dagen is 'Upper Class Trailer Trash', en it tema fan dizze jûn is dan ek 'Paupergala'! Kom yn dyn meast paupere tokkie galaoutfit en gean hielendal los!
Om in goede boaiem te lizzen foar dizze jûn, kin der om 18:00 oere in hapke iten wurde op soas. Asto lid bist, kinst dy hjir ynskriuwe foar it iten. Asto noch net lid bist, kinsto kontakt opnimme mei ús ynterne, Lex Rietman! Stjoer him in appke: +31 6 47872001
2015 © FFJ Bernlef