Boalsert

Botteljen Lustrumdrank

4 Oktober 2019 12:00:00

Op 4 oktober sille we mei syn allen útein sette nei Boalsert foar it botteljen fan ús lustrumdrank. De kommisje hat in heuse touringcar regele dy’t ús hinne en wer bringt fan Grins nei Boalsert. Der wurdt om 12.30 sammele en rûn 18.00 sille wy wer yn Grins wêze, wêr’t wy de partij foartsette op de Pizel. 

Neidat de drank bottele is, sil de drank oer in route fan 95 kilometer nei Grins fytst wurde. De estafette sil útfierd wurde troch 10 koppels dy’t elk ûngefear 9,5 kilometer fytse, yn estafettefoarm. Asto meifytse wolst, kinst dy ynskriuwe by it fytsevenemint. 

Programma: 

12:30 Sammelje am soas

14:00 Oankomst by de Stiekeme Stoker yn Boalsert 

14:00 Rûnlieding en priuwerij

15:30 Feestelike buorrel ûnder musikale begelieding fan Piter Wilkens

17:00 Weromreis nei Grins

 

Let op: Ynskriuwe foar dit evenemint betsjut dast meigjist mei it botteljen. Asto meifytse wolst, moast dy foar beide eveneminten ynskriuwe. 

 

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.

Ynskriuwingen

Do moast ynlogge om dy yn te skriuwen.