Om it 19e lustrum fan ús feriening te fieren organisearje wy it tintefeest 'Grinsleas' yn, hoe kin it ek oars, Fryslân. En dêr moatsto fansels ek by wêze!
Pak dyn aginda der dus gau by, want de datum en lokaasje binne yntusken bekend. Op 31 augustus litte wy Grins efter ús en sette wy de tinte op 'e kop yn Marsum!
Hâld de facebook en www.lustrum.org/tintefeest yn 'e gaten foar mear ynformaasje!
Iepeningstiden:
It feest begjint om 20:00, om 02:00 sil it lêste nûmer spile wurde. Elkenien sil om 03:00 fan it terrein ôf wêze.
Tickets:
Tickets kinst it goedkeapst online keapje fia lustrum.org/tintefeest. Oan de doar binne der ek noch kaarten te keap. Do kinst by de entrée allinnich kontant betelje.
Roken:
It is ferbean om te roken yn ‘e tinte
Garderôbe:
Do kinst frij gebrûk meitsje fan de (ûnbefeilige) garderôbe. De organisaasje stelt him net oanspraaklik foar skade as ferlies fan guod.
Rûte & parkearren:
Grinsleas fynt plak op it keatsfjild fan Marsum (Hegedyk 10). Wy riede om oan mei de fyts te kommen, Marsum is op ‘e fyts ek goed berikber fanút Ljouwert. Parkearre fan de auto kin lâns de Bokmasingel.
Kinne tickets scand wurde fan de mobile tillefoan?
Ja, dit is mooglik. Soargje der wol foar dat it byldskerm op maksimale helderheid stiet. De ynternetferbining is faaks net optimaal, dat download dyn ticket fan te foarren.
Kin ik tuskentiids it terrein ferlitte?
It is net tastien om tuskentiids it terrein te ferlitten en dêrnei wer te betreden.
PIN-automaten:
It is NET mooglik om by de entree te pinnen, in tagongskaart moast kontant betelje. By de munten is it WOL mooglik om te pinnen, mar dêr kin ek kontant betelle wurde.
Húsregels:
Legitimaasje is ferplicht. Elkenien is wolkom, mar der wurdt gjin alkohol skonken oan persoanen <18 jier. Foar de dúdlikens kinst ús húsregels fine op www.lustrum.org/tintefeest en by de yngong fan it terrein.
Sliepplak:
Foar leden, âldleden, eareleden en harren freonen is der neist de tinte plak om in tinte op te setten. Hjirfoar kinst dy ynskriuwe fia it ynskriuwformulier (en do kinst dyn freonen ek ynskriuwe). Do kinst de tinte opsette tusken 12:00 en 19:30. Hjirnei komt der in stek foar de yngong y.f.m. ús eigen planning en ek om frjemd folk bûten te hâlden. Weardefol guod kin (op eigen risiko) efteryn ús buske lein wurde en nei ôfrin fan it tintefeest der wer út.
2015 © FFJ Bernlef