Driezum 10 euro

Bernlefteam - Lampex Driezum (survivalrun)

28 Septimber 2018 19:25:00

Wat is de Lampex?
De Lampex fynt elk jier plak yn 'e nacht fan 28 op 29 septimber. LAMPEX stiet foar Lytse AMPfibische EXpeditie. It komt fan in Ingelske tradysje yn it leger (Wampex), wêr't jonge rekruten in wykein lang taken krigen yn, op, oer, ûnder en mei wetter. De Lampex is hjir in lichte fariant fan. 

Wer sil it heve?
Yn en om Driezum-Wâlterswâld. Dielnimmers krije hjir opdrachten dy't te krijen ha mei wetter en mei survival-eleminten. Der wurdt jûns en nachts rûn! Dreech begeanber terrein moat betwongen wurde, brêgen ûntbrekke en in kompas is soms dyn iennige hâldfêst.

De rûte
De rûte dy 't rûn wurde moat is in soarte fan puzeltocht fan ûngefear 15 km mei ferskate tûkelteammen en útdagingen dy'tsto as team oangean silst. Do moast sels de rûte útsykje mei behelp fan in puzelboekje. Dizze rûte is geheim oant de tocht begjinne sil.

In team moat bestean út minimaal 5 persoanen en maksimaal 8 persoanen. Der sille 2 teams wêze foar Bernlef, dus de foarste 16 dy't harren ynskriuwe kinne meidwaan! It ynskriuwjild is 15 euro p.p. 

Liket dy dit no moai ta? In swik oare Bernleffers ek! Skriuw dy yn en wa wit kin Bernlef in fanatyk, supersnel, dynamysk, oerwinnend team ôfleverje!

Mear ynformaasje fynst op dizze side

 

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.

Ynskriuwingen

Do moast ynlogge om dy yn te skriuwen.