De Pizel (Tuinstraat 22)

IGBK 2022!

13 Oktober 2022 19:25:00

*Nederlands onderaan*

Op tongersdei 13 oktober 2022 is it wer sa fier, it Iepenbier Grinzer Barklúnkampioenskip! Dit is it momint dêr't wy allegear op wachte hawwe; de kâns om ús titel en eare werom te winnen!

Do kinst dy hjirre ynskriuwe https://forms.gle/MUJtGX94sM2pDvnQ9 (úterlik 9 oktober 23.59) ast meidwaan wolst oan dizze legendaryske kampioenskip!

In pear dagen foar it kampioenskip silst fan ús alle ynformaasje nochris oer de mail ûntfange. Barklune is de sport dêr't dielnimmers tsjin inoar sa gau mooglik oer de bar by krûpe en ûnderwilens in shot bearenburch en in glês pils drinke. As earst komt de dielnimmer it shot bearenburch tsjin en oan 'e ein stiet it glês pils klear. Dyjinge dy't it earst it glês pils leech dronken hat en werom op de bar setten hat, hat wûn!

Jim binne fan 19.25 ôf wolkom op soas, it kampioenskip begjint om 20.00.

Ynformaasje foar Bernleffers: ferjit net dat der 4 oktober in IGBK-oefenjûn is!

_____________________

Op donderdag 13 oktober 2022 is het weer tijd voor het Openbaar Groninger Barklúnkampioenschap!

Je kun je hier aanmelden https://forms.gle/MUJtGX94sM2pDvnQ9 (uiterlijk 9 oktober 23.59) as je aan dit legendarische kampioenschap mee wilt doen.

Enkele dagen voor het kampioenschap  zul je van ons alle informatie nog per mail ontvangen. Barklunen is de sport waarbij deelnemers tegen elkaar zo snel mogelijk over de bar kruipen en ondertussen een shot bearenburch en een glas pils drinken. Als eerste komt men het shot bearenburch tegen en aan het einde staat het glas pils klaar. Degene die het eerst het glas pils leeg heeft gedronken en terug op de bar heeft gezet, heeft gewonnen!

Jullie zijn vanaf 19.25 hartelijk welkom op onze sociëteit, het kampioenschap begint om 20.00.

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.

Ynskriuwingen

Do moast ynlogge om dy yn te skriuwen.