-Yn ferbân mei de coronakrisis giet dizze aktiviteit net troch-
It is alwer tiid foar in nije BAZES-aktiviteit: it benefytkonsert! Der sil in oantal bands en skyfkesrúters komme te spyljen dy't foar in muzikale jûn soargje sille. Wolst graach op de hichte holden wurde oer hokker artysten oft dat binne? Hâld dan it facebook-evenemint yn de gaten. It benefytkonsert is elts jier tagonklik foar eltsenien: âlderen, stadjers, studinten, jongeren etc.
Ynskriuwe kinst dwaan om te sjen wa't der allegear komme, it betsjut net dat der in kaartsje foar dy kocht wurdt. Mear ynformaasje oer de kaartferkeap folget letter.
2015 © FFJ Bernlef