de Pizel

Keiwike Moandei: In spesjaal begjin

12 Augustus 2019 21:30:00

Wy sille dizze moandei goed begjinne mei in fergees Fryske lunsj op soas. Dizze sil te krijen wêze fan 13 oant 15 oere. Fanôf 15 oere kinsto dysels yn de striid goaie foar de titel fan mariokart-kampioen, of bist wolkom om rêstich te tsjillen by us Mariokart lounge. Hast underwilens honger krigen? Dan is der tusken 18 en 20 oere de mooglikheid om by us op soas mei te iten foar ûngefear €3,50. Leden kinne harren opjaan fia de side. Ast net lid bist, kinst dy hjirfoar opjaan troch in berjochtsje te stjoeren nei 06-16689400 as 06-42009462 foar 16.00 middeis. Hasto ek wol ris nocht oan in lekker spesjaalbierke ynstee fan altyd mar deselde sop fan de dei? Of sjochsto in spesjale virgin cocktail wol sitten? Kom dan del op us Spesjale buorrel-jûn! Ferskate soarten spesjaalbier sille te priuwen wêze foar in sacht priiske. Under in genot fan in drankje, in muzykje en wat te snacken sille wy der in smûke jûn op soas fan meitsje. 

tútsje fan FJK1 'It paad bjuster'


We zullen de maandag van de Kei-week goed beginnen met een gratis Friese lunch op de sociëteit. Je bent welkom om te komen lunchen tussen 13 en 15 uur. Vanaf 15 uur kan je jezelf in de strijd gooien voor de titel van Mariokart-kampioen, of kun je lekker chillen in onze Mariokart lounge. Heb je ondertussen honger gekregen? Dan is er tussen 18 en 20 uur de mogelijkheid om bij ons op soos te eten voor €3,50. Leden kunnen zich inschrijven via de site. Als je niet lid bent kun je je opgeven door een berichtje te sturen naar 06-16689400 of 06-42009462 voor 16 uur 's middags. Heb jij wel eens zin in een speciaalbiertje in plaats van altijd maar hetzelfde bier? Of zie jij een speciale virgin cocktail wel ziten? Kom dan langs bij onze speciale borrel-avond! Verschillende soorten speciaalbier zullen te proeven zijn voor een zacht prijsje. Onder het genot van een drankje, een muziekje en wat te snacken zullen we er een gezellige avond op soos van maken. 

Kusje van FJK1 'It paad bjuster'

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.

Ynskriuwingen

Do moast ynlogge om dy yn te skriuwen.