Kiezel Freed
Op 14 febrewaris is om 16:00 Fremibo.
Fansels kin de Fremibo (Freed te midje borrel) net ûntbrekke as ôfslúting fan de Kiezelwike. Mar om dizze Fremibo noch eat wat mear bysûnder te meitsjen wurdt der foar jim in pubkwis organisearre!
------------------------------
Nederlands
Kiezelvrijdag
Natuurlijk kan de Fremibo (vrijmibo) als afsluiting van de Kiezelweek niet ontbreken! Maar om deze Fremibo nog wat bijzonderder te maken organiseren wij een pubquiz!
De lustrumreuny sil op sneon 24 maaie plakfine. Hjir komme we graach mei safolle mooglik leden en âld-leden gear om inoar te moetsjen, heugenissen op te heljen en der mei ús allen in moaie middei fan te meitsjen.
Nei alle gedachten sil de reuny oan it begjin fan de middei los gean en oant it ein fan de middei/begjin jûn duorje. De reuny sil plakhawwe op it skoalplein fan de skoalle achter de Pizel. De lokaasje sille we smûk oanklaaie mar der is ek gelegenheid om de soas wer ris efkes fan binnen te besjen. Krekte tiden, logistyk en oare details komme sa rap as it kin op 'e side.
Foar âldleden:
Fansels wolle we wol foar eltsenien in hapke en drankje regelje dus om in idee te hawwen fan animo, freegje we jim om dizze ynteresselist yn te follen at we jo ferwachtsje kinne 24 maaie, dat makket it foar ús makliker om alles goed te organisearjen en om jim op de hichte te hâlden. Graach ynfolle!
http://forms.gle/Kjz2Ljf2WvCquk7HA
20 maaie 2025 bestiet Bernlef offisjeel 100 jier!!!
Dat wurdt fierd fansels, dêrom fiere wy binne der yn de oanrin nei de 100e jierdei fan Bernlef use Lustrumwike!2
De folgjende eveneminten steanne op de planning:
17 maaie is de resepsje; de ynterne buorrel dêr't kommisjes en oare groepen it bestjoer felisitearje kinne mei it 100-jierige bestean. Krekte tiden folgje noch.
fan 19 o/m 23 maaie is de lustrumwike, in wike mei allegear feesten en eveneminten. Mear ynfo dêroer folget noch.
24 maaie is de hoaske Lustrumreüny! Dit wurdt in prachtich feest, dêr't Bernleffers fan alle generaasjes elkoar treffe sille. Sjoch hjir https://bernlef.frl/frl/evenemint/2025-05-24-grutte-lustrumreny/
2015 © FFJ Bernlef