Ofrûne moandei is de Wellbeing Weeks iepene. De Wellbeing Weeks is in inisjatyf fan Lijst Calimero, Lijst Sterk en GSb dat dernei stribbet om twa wiken lang alle oandacht te fêstigjen op it wolwêzen fan studinten troch aktiviteiten en eveneminten organisearre troch stúdzje - en studinteferieningen en oare studinteorganisaasjes. Dizze eveneminten kinne fariearje fan miny-lêzingen oant workshops.
Op freed 1 maart hat der in workshop plak troch @ease by F.F.J. Bernlef. Ynrin is fan 19:25 ôf en om 20:00 begjint de kursus. Elkenien is wolkom om del te kommen.
Ease is der foar alle jongeren fan 12 oant 25 jier. Kinst by harren terjochte om te praten oer dyn mentale sûnens, skoalle, wurk, seksualiteit of finânsjes. Hoechst by @ ease gjin ôfspraak te meitsjen. Do kinst gewoan online chatte of binnenrinne foar in petear. Sy hâlde gjin dossier by en do hast gjin tastimming nedich fan dyn âlden. Komst leaver net allinnich? Gjin probleem, je meie ek ien meinimme. In petear kin koart duorje of wat langer. Alles kin. Hast noch net alles beprate kinnen, dan komst gewoan wer werom. Dat mei sa faak as je wolle. Mear ynformaasje kinsto fine op harren side: https://www.ease.nl
2015 © FFJ Bernlef