Tom Wagenmakers, lid fan Bernlef, is nei Mongoalië west foar in staazje en belâne ynienen yn in populêre soapsearje. Krekt lyn is syn acteerdebuut útstjoerd op de Mongoalske tillevyzje.
Tom is te sjen yn 'e njoggende ôflevering fan 'Girls', dizze searje is de dizze simmer te sjen op de nasjonale tillevyzje yn Mongoalië en giet oer fjouwer famkes dy't tegearre mei in âlde frou yn ien hûs wenje. Yn dizze searje spilet Tom in Amerikaanse man dy't nei Mongoalië ôfreizget, om't der fia in datingside fereale wurden is op ien fan de famkes út it hûs, mar dit blykt oan it ein fan de ôflevering it âlde froutsje te wêzen.
Hy is casten foar in rol as Amerikaan doe't der yn in kafee siet yn Ulaanbataar, de haadstêd fan Mongoalje. Earst is de Frânske eigener frege, mar doe't dy net woe wie Tom de folgjende westerling yn 'e buert. Tom syn wolbekende krulsnor moast it wol goed dwaan op 'e tillevyzje.
Uteinlik hat Tom ûnder syn staazje by Transparency International, in organisaasje dy't oer de hiele wrâld hinne korrupsje tsjingiet, in pear dagen op in filmset trochbringe kinnen.
Scene uit de Mongoolse soap met Ton Wagenmakers. Foto: DvhN
2015 © FFJ Bernlef