Reitse hat der in flinke tocht troch Fryslân op sitten en al in soad Fryske kuolkasten fan binnen besjoen. Reitse stapt de provinsjegrins oer en is yn Grins. Dat heart fansels net by Fryslân, mar der wenje wol in hiel soad Fryske studinten. Ite sy eins wol sûn? En is de keuken in bytsje netsjes? Reitse siket it út en sjocht yn de kuolkast fan ús lid Adriaan yn Grins.
FFJ (Feriening foar Fryske Jongerein) Bernlef is in studinteferiening foar Fryske studinten yn Grins. Bist nijsgjirrich wurden? Kom dan ris del!