Keningsdei yn Grins

30 April 2018

Ofrûne freed hat de keninklike famylje Grins besocht. Se ha sa'n trije oeren in rûntsje yn 'e binnenstêd rûn en dêrby wie oandacht foar bygelyks it ûndersyk fan Ben Feringa, de ierdskoddingen rûnom Grins, Eurosonic Noorderslag, mar ek foar it studintelibben. Ek Bernlef hat mei in oantal leden oan 'e route stien en it bestjoer mocht sels binnen de hekken. Wy moasten mei alle oare studinteferieningen út folle boarst 'Het gras van het noorderplantsoen' meisjonge, en dat is wis slagge. 

Wy binne ek noch mei ús kopkes op 'e nasjonale tillevyzje west, dat kinst hjir sjen, fanôf ûngefear 2 oeren en 11 minuten.

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.