Demonstraasje foar better Frysk ûnderwiis

10 Maart 2019

Sis Tsiis, wy wienen yn Ljouwert foar better Frysk ûnderwiis!

 

Ofrûne sneon, 9 maart, is in swikje Bernleffers nei Ljouwert ta setten om mei te dwaan oan de demonstraasje fan de organisaasje 'Sis Tsiis'. It hiele barren gie fan start mei in tocht oer ûnder oare it Saailân mei muzyk, spandoeken en pakkende slogans. Sinnen sa as 'Frysk ûnderwiis: in bernerjocht' en 'Wa't fier komme wol, begjint tichtby' kuierden nêst de leden mei it Bernleffaandel. Hjirnei wienen der op it Wilhelminaplein in oantal sprekkers sa as Geart Tigchelaar en Sietske Poepjes, en nei harren wize wurden opfolge troch Fryske politisy dy't fertelden oer wat harren partijen nei de ferkiezings feroarje sille oan it ûnderwiis en de kontrôle dêrfan

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.