We binne yntusken alwer trije moanne oan de gong as bestjoer fan ús prachtige feriening. Heech tiid om ússels ris efkes foar te stellen!
Op tiisdei 6 septimber hat bestjoer ‘Alra Fresena Fridom’ it stokje trochjûn oan it 98e bestjoer ‘De Stadige Stream’.
Dizze namme is keazen mei it each op hoe't wy it Bernleflibben foar us sjogge. Lykas in stream wolle wy stadich it Bernleflibben trochgean litte. We floeie mei de hjoeddeiske feroarings, mar it Fryske mienskipsgefoel sil altyd fuortbestean. Wy wolle ús bestjoersjier as in stadige stream folbringe. Wy hawwe der as bestjoer in soad nocht oan en we hoopje jim te dit jier faak te moetsjen op soas!
Bestjoer 'De Stadige Stream' bestiet út de folgjende seis persoanen:
Dirk Jan Reiding, foarsitter
Emma Smith, skriuwer
Alwin Jansen, ponghâlder feriening
Jacco Taconis, eksterne
Machteld Stegenga, ynterne
Hidde van der Weg, ponghâlder SB
2015 © FFJ Bernlef