Auto's ride oer sjongende dyk by Jelsum

9 April 2018

Do kinst de melody fan it Frysk folksliet net allinnich hearre asto stipt om toluf oere yn 'e soas stiest mei te blêren, mar ek asto op dat momint oer de N357 by Jelsum rydst. 
As minsken op it trajekt sechstich kilometer yn it oere ride en oer in spesjale streek stjoere, komt der muzyk út de dyk. Foar guon automobilisten is it in ferrassende rit. De nije dyk tusken Stiens en Ljouwert is hjoed offisjeel iepene.

Om te hearren hoe 't de melody fan it Frysk Folksliet ek al wer is, kinsto hjir klikke

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.