By Bernlef hast gjin ferplichtingen. Dêrtroch is it ideaal te kombinearjen mei dyn stúdzje en oare warberens. Wy hawwe gjin ûntgriening en kinst komme wannear'tst wolst! In fjirdejierslid en foarstejierslid stean op like hichte en trochdat it in lytse groep is learst gau alle leden kennen. It is miskien klisjee, mar der ûntsteane freonskippen foar it libben!

Hjir steane in pear ûnderfiningen fan leden, Frysk en net-Frysk. Wolst de ferhalen persoanlik oanhearre? Kom rêstich del op in tiisdei, tongersdei of freed!

Bij Bernlef heb je geen verplichtingen. Het is hierdoor ideaal te combineren met je studie en andere bezigheden. 
Er is geen ontgroening en je kan komen wanneer je wil! Een vierdejaarslid en een eerstejaarslid staan op gelijke hoogte en doordat het een kleine groep is leer je snel alle leden kennen. Het is misschien een cliché maar er onstaan vriendschappen voor het leven!

Hieronder staan een paar ervaringen van leden, Fries en niet Fries. Wil jij de verhalen persoonlijk horen? Kom gerust langs op een dinsdag, donderdag of vrijdag!

Grytsje 
Tweedejaars lid 


Hoi! Myn namme is Grytsje en ik fertel dy graach wat oer myn studinteferiening, FFJ Bernlef. Ik bin lid wurden yn ‘e keiwike fan 2017 en bin dêrom no twaddejiers. Doe’t ik foar it earst by Bernlef kaam, rekke ik mei-ien oan ‘e praat mei gesellige minsken. Ik fielde my fuortendaliks thús, en haw in soad freonen makke. By Bernlef hoechst dy gjin momint te ferfelen! Der is in fijne, gesellige sfear en der wurde in soad aktiviteiten organisearre. Sa is der twa kear yn it jier in kamp en wurde der temafeesten jûn. Sa no en dan wurdt der ek tegearre iten op de soasjeteit of wurdt der mei in groepke fanatikelingen sporten. Dêrneist kinst ek by Bernlef komme te studearjen foar dyn tintamens. Ik haw my it earste jier drekt oanmeld foar de ‘taperskommisje’. As’t lid bist fan dizze kommisje hast iens yn de sa folle wiken de ferantwurdlikens foar de bar. Ik kry útlis en mocht dêrnei myn eigen gong gean. Dat fûn ik tige moai! Yn it ôfrune jier hie ik plak yn in kommisje dy’t de keiwike organisearre by Bernlef. Dat wie in fantastyske wize om yn kontakt te kommen mei nije foarstejiers en ik learde tagelyk plannen, organisearjen en gearwurkjen. Bist altyd wolkom, dus kom foaral efkes del foar in bierke!

Sharon 
Eerstejaars lid

De vraag die ik vaak krijg als niet Fries is waarom ik toch in hemelsnaam lid ben geworden van de Friese studentenvereniging Bernlef. Ik ben sinds de Keiweek van 2018 lid en ik heb er nog geen moment spijt van gehad. Ik wilde eerst zelfs helemaal niet bij een studentenvereniging. Toch vond ik de sfeer bij Bernlef zo gezellig dat ik me bijna meteen thuis voelde. Op het Fries na, want dat kon ik natuurlijk eerst helemaal niet. Maar als je er voor open staat, leer je het zo verstaan, geloof mij! Een ander voordeel van Bernlef vind ik dat er geen ontgroening is en dat je niet per se aanwezig moet zijn elke week. Als je bijvoorbeeld een tentamen hebt de dag erna, hoef je je niet gedwongen te voelen om langs te komen. Ook is het maar een kleine vereniging en als je een paar keer langs komt, leer je iedereen snel kennen. Het is ook leuk om bij een commissie te gaan, dat is gezellig en staat goed op je cv. Maar ook dat is niet verplicht.

Kortom, Bernlef is een superleuke vereniging dus kom vooral een keer langs om de sfeer (en een biertje) te proeven.

Lucas
Eerstejaars lid

Ik bin ea by Bernlef kaam om’t myn broer ek lid wie. Nei it hearren fan syn wylde ferhalen wie ik wol nijsgjirrich nei wat dêr no krekt barde. Sa bin ik yn it begjin fan de keiwike efkes delkaam om te sjen. Nettsjinsteand dat ik in fantastysk kei-groepke hie, bin ik meardere jûnen ôfheakke mei de aktiviteiten om werom te gean nei Bernlef. Ik bin no yntusken in jier lang lid en ik haw my nearne sa rap thús field! Dat is ek it moaie oan dizze feriening: learst elkenien sa rap kennen datst hiel gau hielendal allinnich nei de soas giest, sûnder datst witst wa’t oanwêzich is, omdat dat hielendal neat útmakket. Tegearre mei de oare foarstejiers haw ik gekke en wylde aventoeren belibbe, mar der wiene ek jûns dêr’t ik op ta moarnstiid mei trije man oan ‘e bar sitten haw en ik kin wier net sizze wat no leuker wie. Ik haw mei dizze feriening dingen dien dêr’t ik net iens fan wist dat se koenen. Sa haw ik in pear moanne lyn in poging dien om de Alvestêdetocht te silen mei trije oare leden, en hoewol wy de finish net helle hawwe, wie it in ûnderfining dy’t ik nea ferjitte sil. Sa binne der talleaze oare mominten west. Meastentiids hear ik fan minsken dat se net lid wurde wolle om’t se net Frysk binne en hoewol dat yn it begjin miskien in drempel wêze kin, soe ik dizze minsken dochs oanriede om ris del te kommen. Wylst wy in Fryske studinteferiening binne, is elkenien wolkom. Dy taal kinst wol leare. Dizze feriening betsjut foar my in twadde thús, middenyn Grins, dêr’t altyd leuke minsken binne.