De moaiste tiid fan dyn libben

Alle hjoeddeiske leden en fansels ek alle tûzenden âldleden hawwe dit al ûnderfûn, no do noch. Eltsenien kin lid wurde by Bernlef, dus do ek!

- Gjin ûntgriening
- Unferjitlike jûnen
- Gjin ferplichtingen
- Mar 7,50 yn 'e moanne! (90 euro yn it jier)

Hoe wurd ik lid:

- Skriuw dy yn op wurdlid.bernlef.frl of
- Kom del by de Pizel (Tuinstraat 22) en skriuw dy yn oan de bar!

  1. Nei it ynskriuwen bisto hampel en hasto gewoan deselde rjochten as oare leden. 
  2. Nei de ynauguraasje bisto offisjeel lid. Ynauguraasjes hawwe plak op kamp (2x yn it jier) en yn 'e stêd. Freegje it bestjoer nei in eksakte datum en útlis. Dit is gjin ûntgriening!
  3. Yn twa parten wurdt it ledejild ôfskreaun (€89,95,- yn it jier). Dit is mar 7,50 yn 'e moanne!

Op de hichte bliuwe:

Noch net lid wurden mar wol in berjocht krije by in iepen feest? Oftewol, hast noch twifels? Lit dan dyn gegevens efter fia de kontakt pagina en krij in útnoeging foar it earstfolgjende feest!