De moaiste tiid fan dyn libben

Alle hjoeddeiske leden en fansels ek alle tûzenden âldleden hawwe dit al ûnderfûn, no do noch. Eltsenien kin lid wurde by Bernlef, dus do ek!

Hoe wurd ik lid:

  1. Mail it bestjoer (kontakt pagina
  2. Kom del op de Pizel (Tuinstraat 22) en gean op syk nei immen fan it bestjoer
  3. Skriuw dy yn oan de bar
  4. Fanof dit stuit bist kandidaatlid* en hast gewoan lyke rjochten as de oare leden
  5. Nei de ynauguraasje bist pas offisjeel lid. Ynauguraasjes fine plak op kamp (2x per jier) en yn de stêd. Freegje in bestjoerslid nei de eksakte data.
  6. Yn twa parten wurd it ledenjild ofskreaun (€89,95,- per jier).

*In kandidaat lid mei net yn it bestjoer, KO wurde fan in kommisje of jildsaken regelje foar de feriening.