User Tools

Site Tools


Sidebar

bestjoer:oer_grins_en_mjitte

Oer Grins en Mjitte

It bestjoer 2015-2016: Oer Grins en Mjitte

  • Frans Ozinga, Foarsitter
  • Gerard Fennema, Ponghâlder
  • Daniël de Jong, Skriuwer
  • Bart Draaijer, Eksterne
  • Tinco Boekestijn, Ponghâlder Soas

Kofjebestjoer

In oare namme foar dit bestjoer wie 'it kofjebestjoer'. Dit kaam troch it feit dat de bestjoersleden, en dan mei namme Tinco Boekestijn en Frans Ozinga, in hiel soad kofje dronken. It bestjoer hie dan ek in eigen kofjejuffrou yn tjinst. Dit wie Gerrit Albada, dy' t altyd even nei beneden kaam foar in smûk bakje kofje. Der wiene sels mominten dat der roze koeken yn' e klús sieten. Ut dit kofje drinken is úteinlik de MOK ûntstean.

Oblomov-HG

De HG yn oktober wêrop it bestjoer har beliedsplan presentearje woe, wie net hiel drok besocht. Neist it bestjoer hiene mar 5 leden de moeite naam om ek nei de HG te kommen. It bestjoer fûn it belied in te wichtige saak om dat mar mei 5 leden te besprekke en de HG waard skorsd. Om't der noch wol wat lolbroeken letter kamen en dit ek op de Whattsappgroep melde hiene, is de groep doe nei de Oblomov ta rûn om dêr mei te dwaan oan de LaChouffe-jûn.

Gjin ynterne

It bestjoer hie gjin ynterne. Dit hawwe sy oplost troch elkenien twa as trije kommisjes ta te wiizen. Troch elke kommisje hjirfan op 'e hichte te stellen is dit deels oplost. Oare ynterne saken hat de skriuwer oppakt.

Kleur strik

It bestjoer hie 2 strikken. De Fryske strik foar de eksterne buorrels en in bordeaux reade das foar de ynterne buorrels en aktiviteiten.

Gjin bestjoersbeurs

Bestjoer Oer Grins en Mjitte hat yn 2015 besletten om gjin bestjoersbeurs oan te freegjen foar de jierren dêrnei. Foar in bestjoersbeurs moat in feriening minimaal 150 leden hawwe. Yn 2015 koe Bernlef hjir net oan foldwaan. Om't de kontrôle op de oanfragen hieltyd stranger wurdt, hat bestjoer 'Oer Grins en Mjitte' gjin oanfraag yntsjinne. By de ûntdekking fan fraude wiene de bestjoersleden haadlik oansprakelik west en dat wie, ek yn it ljocht fan it ledetal op dat momint, in te grut risiko. Troch dit beslút is de feriening in wike faak yn it nijs west. It begun mei de UK en it eindige mei in lyts item yn it regiobulletin fan it NOS Journaal om 12:00.

Oanwaaks nije leden

It bestjoer wie súksesfol mei it binnenheljen fan nije leden. In it bestjoersjier 2015-2016 hat bestjoer Oer Grins en Mjitte 37 nije leden ynskreaun. Nei de Iepen dagen 3, nei de Kiezel 7 en nei de Keiwike 27.

bestjoer/oer_grins_en_mjitte.txt · Last modified: 2016/10/26 12:08 by Frans Arnoud Ozinga