User Tools

Site Tools


Sidebar

bestjoer:feroaring_fan_lucht

Feroaring fan Lucht

Bestjoer feroaring fan lucht 2014-2015.

<WRAP group> <WRAP half column>

  • Jelmer Draaijer, foarsitter
  • Mike Burgers, ponghâlder bestjoer
  • Eelke Venema, skriuwer
  • Auke Plantinga, eksterne
  • Adriaan van de Veer, ponghâlder soas
  • Hester Schaap, ynterne soas
  • Anke van Dijk, ynterne feriening

</WRAP>

<WRAP half column> </WRAP> </WRAP>

Gearstalling

Nei it ynterimbestjoer bestjoer:eartiids is Feroaring Fan Lucht (FFL) it foarste bestjoer yn de nije formaasje. Under lieding fan Peter Postma en Ynte de Wolf binne de karbrieven oanpast en sa hie Feroaring Fan Lucht as earste bestjoer de taak om sûnder in SB de feriening draaiende te hâlden.

Jelmer en Auke wiene yn maart 2014 al stadichoan dwaande harren bestjoersambysjes foarm te jaan, en doe't Anke dat hearde, hat sy har by de twa hearen foechd. It groepke fan trije waard al snel útwreide mei Mike en tidens de Dies 2014 sei ek Hester ta it tiim fersterke te wolle. Noch foar de simmer kaam Eelke, dy't al earder syn ynteresse blike litten hie, derby, en sa wie it grutste diel fan it bestjoer al kompleet. Allinnich wie der noch gjin ponghâlder-soas op it each. Ein augustus is der foar dit probleem in oplossing kaam, en wie it bestjoer mei Adriaan van der Veer as lêste lid kompleet.

De Namme

De namme komt fan it lyknammige boek fan Rink van der Velde, it bestferkochte frysktalige boek ea skreaun.

De feroaringen fan lucht

  • De Dies is wer weromset nei de âlde datum.
  • Der is in nij kassysteem kaam dêr't ek de ledenadministraasje yn byhâlden wurdt
  • Der is in nije webside kaam
  • Der ha in hiel soad eksterne partijen plakfûn, dêr't troch der mear ekstern jild de feriening ynkaam is
  • It heite- en memmesysteem is fernijd en útwreide

Finânsjes

It grutste hekelpunt foar dit bestjoer wiene de finânsjes. De feriening stie der foar oanfang fan it jier net al te bêst foar en de reserves wiene hast op. Ek wie de boekhâlding fan it ynterimbestjoer net op oarde, dêr't it troch sa no en dan wat dreech wie om fan start te gean.

De Grolschbonus fan it nije bierkontrakt, dy yn jannewaris útkeard waard, soarge foar wat mear 'lucht', al duorre dit net lang. Der lei noch in grutte rekken foar it oanpassen fan de bar en it lustrum stie foar de doar.

De ponghâlders fan dit skoandere bestjoer ha oan it ein fan it jier de bynammen McPong (Mike) en Pong Tosty (Adriaan) krigen. De namme Pong Tosty komt fan Adriaans idee om yn it kader fan besunigingen sels mar tostys bouwe te gean yn plak fan se te bestellen. De namme McPong hat te krijen mei de efternamme fan Mike (i. e. Burgers) en slút tagelyk moai oan by de Tosty.

Jierresultaat

It interimbestjoer hie de finânsjes fan sawol de feriening as it SB op ien rekken dien, en dertroch wienen de finânsjes oan it begjin fan it besjoersjier mei inoar ferflochte. Dit, en de finansjeele sitewaasje yn it algemien hat derfoar soarge dat it begjin dreech wie foar de ponghâlders.

SB

Efkes fixe Adriaan.

Bestjoer

Uteinliks is der in lyts ferlies draait troch it bestjoer fan sa'n 1000 ekken. Dit wie fansels net sa begrutte, mar de sitewaasje oan it begjin fan it jier en it feit dat it in lustrumjier wie (werfoar de earder makke foarsjennings foar in grut part net mear op de rekken stienen..), makke dat it in akseptabel resultaat wie.

Ek wie de administraasje fan leden en âldleden dit jier wer in stik better op oarder brocht, wertroch ponghâlder 91 goed begjinne koe.

Advys foar it folgjende lustrum: hâld ALLE finânsjes als pong yn eigen behear en nim gjin aparte lustrumrekken wer't de pong fan de lustrumkommisje oer giet.

Foarstellen

YntroduksjeTiid – YT

De YT fan Bernlef hat nea al te folle west en dit wolle wy as bestjoer, lykas ynterimbestjoer ‘Eartiids’, mear foarm jaan. We binne op it momint fan dizze HG (19 maaie) as it goed is yn it besit fan in koken wer dêr't we wat mear mei kinne en it minder dreech is om in goed miel te sieren.

De KEIwike rint oant XXX augustus wêrnei't in wike letter it Skierkamp plakfine sil. De tongersdei foar it kamp is de soas iepen foar de minsken dy’t fan Grins út op kamp geane. Faaks sil der ek in grutte groep fytsers mei gean. Dy jûn kin we in hapke ite op de Pizel en in bierke drinke as tarieding op kamp.

It kamp sels is yn hannen fan de FJK II, dus dit moat fansels goed komme. It dei programma is mei in soad hampels wichtich. Leden rêde harren sels faaks wol, mar foar hampels moat der wat organiseare wurde.

De tiisdei (of tongersdei) nei kamp is it heit- & memmensysteem yndield en moatte de heiten en memmen mei harren bern in gerjocht meitsje foar alle oare dielnimmers fan de aktiviteit. We ite dus mei ús allen op de soas en alle leden kinne hjir ek oan meidwaan. De heiten en memmen binne koördinatoren en de (âld) hampels moatte it iten tariede en meitsje. Mei dit systeem moatte de hampels al gearwurkje en leare hja elkoar en harren aldelju better kinnen.

In oare aktiviteit dy’t moai is om te dwaan mei foarstejiers is de Escaperoom, maar dit is 14,50 p.p. en dus wol aardich djoer. Faaks kin we wat dwaan mei de kelder? – TODO Sintraal stiet it oanwêzich wezen fan de aldelju mei bern am soas. De Pizel is ús sintraal punt, dus dêr moatte minsken hinne lutsen wurde.

  • Taapwedstryd
  • Drinkspultsje (à la SB ‘Fokko)
  • Pubquiz (booring)
  • Cantus (minimaal 30 lju)

Dies

Eartiids wie alles better, teminsten die wie sa. No’t we it bestjoer yn septimber fan start gean litte is der gjin needsaak mear om de Dies yn April te hâlden. Eartiids is dit sa besletten om’t de wiksel yn maaie oars krekt foar de Dies wie. De datum fan de oprjochting is yn maaie dus we kinne dan folle better mei moai waar ús Dies fiere.

Utstel: om yn 2016 op 20, 21 en 22 maaie de Dies te fieren. De bûtendei kin it bêste op in sneon foar de Dies (14 maaie). Dit mei de reden dat nije leden hieltyd minder ree binne om kolleezje te skippen foar in aktiviteit. Ek kinne der dan mear âldleden mei.

Iepen Poadium

Foar it iepen poadium yn maart ha Anke en Hester tegearre dizze alternative songtekst skreaun op de melody fan 'Gimme gimme gimme' fan ABBA.

“Jelmer Draaijer
Hij sliept troch alle nachten dat'r oant let wêze moat
Mei syn lamme kop de trep op nei de bank

Lange Auke
Hat alles te fertellen, krekt of wit hy der wat fan
Wikipedia mei in pilske yn ’e hân

Se binne der altiid by
Op soas fan de partij

Sûpen, mexxen, adten, by ús op de pizel
Nachts altiid gesellich, mar de moarn is wol dreech
Sûpen, mexxen, adten tot datst der by del falst
Faaks ek eskalaasje mei Feroaring Fan Lucht

Mike Burgers
Altiid froulje oan't fersiere, Casanova fan de club
In wike langer y-hyn Estlân: gjin probleem

Eelke Venema
Altiid op fakansje, nei dat selde saaie lân
My syn âlders hat er echt een hechte bân

Se binne der altiid by
Op soas fan de partij

Sûpen, mexxen, adten, by ús op de pizel
Nachts altiid gesellich, mar de moarn is wol dreech
Sûpen, mexxen, adten tot datst der by del falst
Faaks ek eskalaasje mei Feroaring Fan Lucht

Hester Skiep
Kinst hjir faaks sa no en dan noch neaken omrinne sjen
Dêrom is se ek de lebberlistkeningin

Anke van Dijk
Frysk kin se as de beste mar technyk is net har ding
Oan de kode op de side wol te sjen

Se binne der altiid by
Op soas fan de partij

Sûpen, mexxen, adten, by ús op de pizel
Nachts altiid gesellich, mar de moarn is wol dreech
Sûpen, mexxen, adten tot datst der by del falst
Faaks ek eskalaasje mei Feroaring Fan Lucht

Baamper Addie
Kin net al te brakjes wêze at er himmelje moat
Dus de jûn der foar oant let dat kin hy net

Bernlef boppe
Feroa-hoaring fan lu-hucht, is ús motto troch dit jier
Dêrop drinken wy noch mar in glêske bier!

WY binne der altiid by Op soas fan de partij

Sûpen, mexxen, adten, by ús op de pizel
Nachts altiid gesellich, mar de moarn is wol dreech
Sûpen, mexxen, adten tot datst der by del falst
Faaks ek eskalaasje mei Feroaring Fan Lucht”

En fansels hat it bestjoer mei dit prachtige ferske it Iepen Poadium edysje 2015 wûn!

Trivia

Bestjoersroadtrip

Eelke syn âlders wenje yn Frankrik, wêrtroch we twongen wiene om in wike út te lûken foar de roadtrip by alle âlders del.
We begûnen op de sneintemoarn nei de Keiwike, dus eltsenien hie moai in pear oerkes tiid hân om by te kommen fan in wike sûnder sliep. Jelmer en Anke binne rûn 10 oere moarns al ôfset nei Burdaard om der in 9-persoans buske op te heljen, wêrnei't se tsjin de middei de rest fan it bestjoer op it stasjon ophelje koene. Fan dêr út fertrok de reis nei it pittoreske Yde (fan it feanlyk), wêr we in mâhl útgebreide lunsj krigen by de âlders fan Anke. Rûn in oere as 4 fertrok de klub rjochting Ynske.

bestjoer/feroaring_fan_lucht.txt · Last modified: 2018/01/07 11:12 by Mike Burgers