User Tools

Site Tools


Sidebar

bestjoer:deagewoan_dertsjinoan

Deagewoan Dertsjinoan 2016-2017

It 92e bestjoer fan F.F.J. Bernlef bestie út:

• Déanne Baak, foarsitter

• Florentine Oenema, skriuwer/ynterne

• Anno Veltman, ponghâlder bestjoer

• Sjoerdtje Postma, eksterne

• Jelte de Vries, ponghâlder SB

Bestjoersnamme

De namme ‘Deagewoan Dertsjinoan’ representeert de wurkmanier fan it bestjoer. Net te folle bralle, mar gewoan mar de taken útfiere.

Sosjale media

It bestjoer hat in grutte stap makke wat betreft sosjale media. Op Facebook hat it bestjoer dien oan targeting. Der wie in budget fan €150 beskikber om mear online sichtberens te beheljen. Ek is der in instagram profiel oanmakke mei it doel mear jongerein te berikken. De online oanwezigens fan Bernlef hat goeie resultaten boekt.

Feroarings

It bestjoer hat in pear saken oars oanpakt as it bestjoer foar har. Sa is der in oare ynfulling jûn oan de foarstejiersjûnen. Neist it beheljen fan de IVA certificaten wieden dizze jûnen ek om de nije leden te fertellen oer de kommisjes en Bernlef yn it algemien. Sels in bierke taapje en in pubquiz hearde dêr ek by. In oare feroaring is de boete foar it reekjen foar it pân en de boete foar it mei nei búten nimme fan drank. Oansjoen Bernlef ôfspraken makke hat oer it reekjen by de grêft is der in boete kaam op it net neikommen fan dy rigel. Ek hat Bernlef gjin horecafergunning en mei drank offisjeel net mei nei búten. Dêrom hinget der no in prachtich moaie biermeter by de doar, sadat minsken hun pilske êfterlitte kinne at sy te laf binne om te adten.

Finansjes

It jier 2016-2017 is finansjeel sjoen goed ferront. Anno en Jelte sille hjir nei hun boekjier útlis oer jaan.

Trivia

Bestjoerswykein

Deagewoan Dertsjinoan hat in hearlik bestjoerswykein hân, allinich de planning wie minder sterk. De dei nei bestjoeredei 1.0 gie it bestjoer op paad nei in superdeluxe Landal húske yn de buert fan Zwolle. Helaas wie elkenien sa brak dat wy pas op sneonejûn wer fit wiene. Ek is it bestjoer tot de ontdekking kaam dat Florentine yn it tsjuster gjin betrouwbare chauffeur is. Foar dizze constatering wie in bijna-dood ervaring needsakelik.

Nei hús

De eksternebuorrel fan it bestjoer wie tige goed besocht. De drank floeide goed en de bestjoeren stiene yn ‘e rige om Deagewoan Dertsjinoan felicitearjen te meie. Helaas koe de ponghâlder soas de steande resepsje net folbringe. Doe behulpzame leden him boppe op de bank tilden, koe hy allinich noch mar roppe dat hy nei ‘huuuus’ woe. Dit is letter in legendaryske útspraak wurden.

bestjoer/deagewoan_dertsjinoan.txt · Last modified: 2017/09/27 14:35 by