User Tools

Site Tools


Sidebar

yr:side

Sûnt 1995 stean der saken fan Bernlef op it ynternet. Yn earste ynstânsje gie it om in pear rûnten dy't troch Thaeke op it ynternet pleatst waarden. Yn 1996 krige de feriening romte by de RUG en doe waard de earste Bernlef thússide makke troch Piter Teake de Boer. It adres wie op dat stuit http://www.rug.nl/rug/studver/bernlef/index.html. De side waard troch Piter Teake en Thaeke fan ynfo foarsjoen want it bestjoer en de pk seagen it nut noch net sa. Al frij flot kaam der in ôfskerme part fan de side dêr't allinnich leden by koene. Dêr ferskynde ek in rabberijkanaal op dêr't de al besteande ynterne tamtam digitaal gean koe. No wiene it net langer de âlde wiven dy't alles wisten mar ek de nerds. Letter frege Wouter Deurholt foar Bernlef in eigen domeinnamme Bernlef.com oan. Dizze namme waard trochlinkt nei it lestige adres fan de RUG. Letter kaam der ek webromte by en waard der ôfskied naam fan de RUG. Wiebren Santema makke in folsleine nije side en letter makke ek Gerrit Zandbergen der noch ien. Bernlef gie oer op Mambo. In content management systeem. Dit systeem hat noch hiel lang de side oandreaun wylst it al lang net mear ûndersteunt waard. It wie allinnich lestich om de bernlefside by de tiid te hâlden omdat der safolle oanpassings yn de koade makke wiene. De mamboside hat letter noch in nij jaske krigen om úteinlik yn ien kear ferfongen te wurden troch de nt side.

De publikaasje fan de nije side waard talochte troch dizze publikaasje: De Kelder

.frl kaam pas letter!

yr/side.txt · Last modified: 2016/05/31 20:59 by Jelmer Draaijer