User Tools

Site Tools


Sidebar

yr:de_kelder

De Kelder

De Kelder is it nije online platform foar de Fryske studinten ut Grins. Nei desennia mei de alde rommel fan Mambo run prutst te ha binne eindelyk de Heeren fan de YR kommen ta in nije fersje. De bejaarde software ut 2003 kin eindelyk nei it jiskefet ferwizen wurde!

Folle minsken ha him der oan weage, mar oant no ta wie nimmen der yn slagge om in side te meitsjen dy’t ree wie foar de takkomst. It fundament leit him yn it kassysteem wat oaral jier lyn oernij bouwt troch it ingineurs koppel Driesprong en Draaijer! De ledenadministraasje, ynkeap, ferkeap, bestjoersynkasso en adreslisten wiene de folgende functionaliteit dy’t de mannen utrolden.

It is krekt sa as in sniebal seit ing. Driesprong. ‘It begint te roljen en hyltyd sneller, hyltyd sneller. Tadat it wer tiisdei is, want dan moat der pilst wurde. Dan kin it grif gebeure dat it wer oant it wikein stil leit’.

De webside wie it leatste diel wat noch ferfongen moest wurde. Mei alle data op syn plak wie it net hiel dreech om efkes wat extra tabeltjes oan te meitsjen folgens ing. Draaijer. ‘Allinne Fokko woe graach bruk meitsje fan Twig en dat woe ik net. Pure oerkil fun ik. Der ha we om adten’. ‘De nije side brukte Twig siet Fokko al laitsjend’.

En de namme sille jo tink, de kelder, wer hat dat mei te krijen? Dat sit sa: de kelder ferwyst hjir nei de kelder fan it pan oan de tunstrjitte. Dizze kelder kinst net safolle mei omdat der net wetter ticht is. Eltse 5 jier is der wer in ien of oar lid dy’t graach dit ding droech meitsje wol. De stifting wurd hjir dan wer foar frege en der wurde wer allegjer wylde plannen betocht. Eintsjebeslut komt de HG tot de konkluzje dat it fjisten te djoer is om de kelder droech te meitsjen, iets wat de minsken ut de stifting al lang witte, want dy wurde hjir eltse 5 jier mei konfrontearje.

Maar de anologie dan tusken de kelder en de nije kelder? Immen dy’t Bernlef al wat langer kin sil it bêst begrype. De webside wy in project dat elts jier wol wer op de planning stieng fan it bestjoer, maar der kwam ek nea wat fan. Lyk as de kelder foar sommigen it meast smûcke plak is fan de feriening wit de YR ek dat de online kelder foar sommige leden it meast smuke plak is.

Yn elts gefal hoopt it Bestjoer dat dizze kelder wol wetter ticht is!

yr/de_kelder.txt · Last modified: 2016/05/31 21:00 by Jelmer Draaijer