User Tools

Site Tools


Sidebar

sport:sylalvestedetocht

De Sylalvestêdetocht

Yn 2013 waard de hel fan it Noarden befaarber makke. Dat wie fansels in moai momint om de alvestêdetocht in kear silend ôf te lizzen sa fûnen Thaeke Johannes Kuipers en Siebren Boschma. Al gau waard der entûsjast in nustje domeinnammen kleemt, in twitteraccount oanmakke en in facebookside yn de loft smiten. Troch google die bliken dat der wol mear minsken it yn de plasse krigen hiene om de 200 km silend ôf te lizzen mar meastentiids hiene hja de ienfâldige rûte fearn en as in oanhingmotor mei naam. Bernleffers binne net fan dat benaude dus soe der yn 2013 in tocht komme oer de folsleine rûte. Nei wat ûndersykjes die bliken dat de folsleine rûte net sylt wurde koe omdat der op guon stikken noch te lege brêgen wiene as noch slimmer, in sneldyk dwers troch it parkoer. Dochs slagge it om in stik as 20 bynammen Bernleffers ree te krijen om yn it earste wykein fan juny de tocht der tochten te faren. Omdat wy graach de folsleine rûte sile woene starten wy yn Snits. Dêr soe de swettebrêge spesjaal foar ús draait wurde. Heleen Sonneberg fan Weduwe Joustra joech om 6:00 mei in wetterpystoal it startskot. Dit om de oare minsken op kemping Pasveer net te steuren. Dêrnei giene de 5 polywikels op nei Drylts. Al yn de earste oeren kaam der in flink gat tusken de 5 polywikels. Spitigernôch slagge der mar ien polywikel yn om troch de brêge fan Parregea te kommen. Hja koene fierder wylst de oare trije foar de brêge wachtsje moasten oant de oare deis. Polywikel fiif wie net fierder kaam as de Galamadammen en wie al wer yn Heech. De earste polywikel hie der nocht yn mar hja moasten sneins wer skûtsjesile dat hja hawwe net nei Dokkum west. Troch dat men yn Harns oan it spuien wie koene wy net fierder as Frjentsjer komme. Dêr is ien polywikel fierder gien nei Ljouwert en sa werom nei Snits. De oare beide wachten op wetter en fearen troch nei Bartlehiem dêr't it beslút foel om net nei Dokkum ta yn ferbân mei tiidgebrek. Foar it lapke wiene de beide boaten sneintenacht wer yn Heech.

Yn 2014 waard opnij in poging dien, no mei 2 boaten. Der wie net in soad wyn en opnij slagge it net om Dokkum te heljen.

Yn 2015 slagge it ien fan de twa boaten om de folsleine tocht út te silen.

Yn 2016 slaggen alle dielnimmers der yn om binnen it wykein de tocht te folbringen.

Yn 2017 slaggen alle dielnimmers der yn om de tocht te folbringen

Yn 2018 slaggen alle dielnimmers der yn om binnen it wykein de tocht te folbringen.Thaekes Angels (Thaeke, Lienke, Teunis en Lucia) wûnen mei oermacht fan de Griene Helm!

Yn 2019 slagge de helft fan de dielnimmers der yn om binnen it wykein de tocht te folbringen. De Polywikel (Thaeke, Jelte en Tjitte) wûn!

Yn 2020 wie der net tsjinsteande ee corona wol in tocht. 4 boaten sylden de tocht út. De polywikel fan Afke, Jan Wytze, Teunia en Thaeke wûn

De alvestêdehelden

Thaeke Johannes Kuipers 6x
Boele Terpstra 1x
Gerben van der Meijden 3x
Marcel Westerhof 1x
Gerjalt Timmer 2x
Sander Postma 3x
Lienke Feenstra 1x
Teunia Stilma 2x
Lucia Kamphuis 1x
Peter Postma 2x
Jelte Hotsma 1x
Tjitte Hemstra 2x
Jorn Stavenga 1x
Afke Tesselaar 1x
Jan Wytze Zuidema 1x
Lucas van der Veer 1x

sport/sylalvestedetocht.txt · Last modified: 2022/07/06 04:03 by 154.54.249.194