De phúfrûnte waard yn 1995 oprjochte om de nobele sport fan it kaartsjeblazen in plak te jaan binnen de feriening. Yn de jierren 1995 en 1996 waard der alle 2e en 4e tiisdei fan de moanne yn kompetysjeferbân phúft. Dêrnei wie de rûnte mear ôfhinklik fan spontane mominten. De rûnte hat altyd foar in soad opskodding soarge. De lûd razende leden fan de phúfrûnte dy't gauris de term “ phúf posterior derogat phúf priori” troch de soas slingerden wiene in toarn yn it each fan mannich bestjoerslid. Ferskate bestjoeren besochten de rûnte oan bannen Te lizzen. Dochs is der noch altyd in moaie groep dy't gauris spontaan in fleske fuort phúft. Op kamp is it ek altyd in populêr tiidferdriuw.
Striidkreet: Phúf Posterior Derogat Phúf Priori (De âlde phúf docht der net mear ta at der al in nije phúf dien is)
* Klassiekers by it Phúffen binne û.o.: