User Tools

Site Tools


Sidebar

runten:mok

MOK

De Mok, de Moandeitemoarn Ouwehoer Kofjerûnte, is oprjochte yn 2015 troch in pear entûsjaste kofjedrinkers. Eltse moandeitemoarn besiket dizze rûnte om mei syn allen kofje te drinken op' e soas. De leden fan' e MOK binne:

Tinco Boekestijn, Ydwine Scarse, Iris Blok, Hans Adema, Gerrit Albada, Frans Ozinga.

Untstean

De bestjoersleden Tinco Boekesteijn en Frans Oiznga sieten seker yn it begjin fan harren bestjoersjier hast alle dagen op'e soas. It wie der altyd in smûke bedoeling, omdat boppebewenners Ydwine en Gerrit sa no en dan ris in bakje kofje drinke kamen. Dit fûnen se sa smûk dat beletten waard om in spesjale rûnte út de grûn te stampen, sadat der yn it ferfolch op offisjele basis kofje dronken wurde koe. Al gau waard de MOK útwreide mei mear leden: Iris en Hans. Ek sy wiene leafhawwers fan it hearlike swarte guod en woene graach by dit selekte selskip hearre.

Baksels

Faak wurdt der ûnder it genot fan in bakje kofje ek hearlik smuld fan de baksels fan Ydwine. Hearlike cakes en teerten komme der út har keuken. Spitigernôch is sy der net altyd om eat hearliks te bakken, dat dan wurdt der oerskeakele op roze koeken as oare fersnaperingen. De roze koeken binnen wol faforyt, want sa no en dan leit de klús fol mei dizze hearlike dingen.

Sukses fan' e rûnte

De rûnte is sa'n súkses, dat net allinnich mar op moandei gearkommenm wurdt, mar ek op oare dagen. Ek minsken fan bûtenôf slúte sa no en dan by de rûnte oan, omdat de geur fan kofje en de geselligens fansels fan in bjusterbaarlik heech nivo binne. De Harpe fan maaie 2016 kaam dan ek mei it idee om fan Bernlef in kofjebar te meitsjen.

runten/mok.txt · Last modified: 2016/06/09 15:13 by Anke van Dijk