User Tools

Site Tools


Sidebar

runten:klaverjasrunte

De klaverjasrûnte

Klaverjassen waard by Bernlef altyd al spile troch de minsken mei in goede opfieding as mei de júste freonen. Sûnt in jier as wat is der ek in online fariant fan. Yn de app Klaverjas HD is in Bernlef groep oanmakke. Dêr wurdt troch betûfte en minder betûfte spilers alle dagen in beamke spile foar de daily challenge. De deiwinner en de bêste fan de wike kinne dan yn in eigen whatsappgroep swetse en beare oer de prestaasjes en slagget it dy om 3 kear op rige earste te wurden dan kinst dyn plakje kleme yn de Freddy app.

Hast yn dizze coronatiid ek neat te dwaan? Helje dan Klaverjas HD út de appstore en meld dy oan op de bernlef groep.

runten/klaverjasrunte.txt · Last modified: 2020/10/15 19:37 by Thaeke Johannes Kuipers