User Tools

Site Tools


Sidebar

runten:griene_helme_bende

griene helme bende

Op 10 desimber 2009 doarden 6 manlju en ien faam it mei inoarren oan. Hja rjochten in rûnte op, neamd 'De Griene Helme Bende, ek wol 'GHB'. Hjoed de dei bestiet dizze rûnte út 11 keardels. Hjirmei is de GHB de âldste noch aktive rûnte binnen ús skoandere feriening Bernlef. Eartiids is dizze rûnte begûn út promoasje foar drankspultjes op de soas. Hjoed de dei is dat krekt wat oars. It is in rûnte foar echte manlju, dy'tst herkenne kinst oan harren Griene Helm. Yn dizze rûnte stiet freonskip en man wêzen sintraal. Sa draaie dizze mannen harren hân net om foar it rinnen fan de slachte, ha se harren eigen bier brouwt en ha se jierlyks harren kamp. Op dit kamp wurde jonkjes echte mannen makke. Hâldst fan fleisch skroeie boppe fjoer, goed kâld bier, en ôfwaaid manljuspraat? Dan bisto by ús te plak!

runten/griene_helme_bende.txt · Last modified: 2017/10/26 14:10 by Teunia Stilma