De Aldiwynrûnte waard oprjochte op it maartkamp fan 1998. It lettere earelid fan de rûnte Ellie Luchtenborg (ropnamme Eldy) hie har dochter oanred om pakken rebenschoppen te drinken. In goedkeape wize fan it ynnimmen fan floeibere geselligheid.
De leden fan de Aldiwynrûnte binne ynaugureard troch Al Ditrich en tôgje gauris nei Dútslân foar in kofferbakje fol. Kinst leden fan de aldiwynrûnte herkenne omdat hja altyd wyn mei ha. By it earste lustrum waard yn de soas in plaatsje ûntbleate mei de tekst: “want in libben sûnder aldiwyn, kinne wy ús net tinke yn”.