User Tools

Site Tools


Sidebar

lustra:2025

No’t it 19e lustrum mei troch koroana aardich yn it wetter fallen is moat fansels it 100 jierrich ieufest it aller aller aller ûnhuerste en grutste feest wurde wat Bernlef ea meimeitsje sil (pas oer 900 jier mei men dêr oerhinne). Dêr mei fansels in flink stikje tarieding en harsenskrabjen by. Fandêr dizze side sadat der alfêst in bytsje yn it foar harsenskrabbe wurde kin…

Lustrumwike

Bernlef is 20 maaie 1925 oprjochte. Hoe moai soe it dan wêze en fier dit mei in hiele wike feest begjinnend op moandei 19 en eindigjend op snein 25 (1925).

Sylalvestêdetocht

Idee Thaeke: Yn it begjin fan it lustrumjier (dus al yn juny 2024) in sylalvestêdetocht mei 100 dielnimmende boaten dy't yn in lang wykein mei 100 Bernlefflaggen yn de mêst troch hiel Fryslân farre. Hiel Fryslân sil dan witte dat Bernlef dwaande is mei it 100 jierrich bestean. Foarriedige datum: 21-6-2024 om 19:25

Yn alle stêden fansels in Bernlef-stimpelpost, tusken, foar en efter de boaten Bernleffers yn snelle rubberboatsjes foar earste help en om de brut wat yn it each te hâlden.

Lâns de rûte hjir en dêr in nustje dweilorkesten en/as shantykoaren.

Reuny

Fansels moat der ek in reuny komme dêr't besocht wurde moat om alle âld-Bernleffers byelkoar te krijen. Der moat fia de media op syk gien wurde nei de âldste noch libjende Bernleffer en nei de Bernleffer dy't it langst lyn lid waard (en noch libbet). Eins soene der 1000 Bernleffers by elkoar komme moatte kinne. Ien fan ús superâldleden (Romke) is al 5 jier dwaande, dy eardere leden te sammeljen, dea en libben, minstens 2000, mar kin dat fansels net allinne.

Fotoboek

En like fansels moat der in superfotoboek (digitaal, op papier soene it 1000 siden wêze). Der binne yn alle gefallen 30.000 foto's út de perioade 1970 - 1995 beskikber.

lustra/2025.txt · Last modified: 2020/07/26 10:47 by Thaeke Johannes Kuipers