User Tools

Site Tools


Sidebar

lustra:15e

It 15e lustrum waard fierd yn it bestjoersjier 1999-2000. It lustrumtema wie “Bernlef, better as goud”. It hiele jier troch wiene der lustrumaktiviteiten. Sa gie de lustrumkommisje al mei de Dies fan 1999 nei Weduwe Joustra ta om dêr de krûden te mengen foar de stevige lustrumbearenburch dy't in jier lang ûnder de treppen nei it bestjoershok stien hat te rypjen op ikehout. De bernleflucht koe sa goed trochdringe yn it kostbere focht.

Yn de keiwike waard der in bierestafette fan 75 meter lang organisearre.

Yn de lustrumwike wie der û.o in debat. Op freed giene wy te silen mei polywikels yn Earnewâld om de middeis mei in flinke rûnfeartboat de weromreis nei Grins yn te setten. Sneons wie dêr fanseks it balskoppen en de resepsje dy't troch de grutte opkomst yn it platformtheater wie. Dêr waard ek oan sa'n 200 reunisten in waarm miel foarset wêrnei't Reboelje de muzyk foar har rekken brocht. It earste fleske bearenburch waard feilt en it lustrumboek Bernlef Aha waard oerlange.

Yn maaie wie der noch in grut gala yn it stadsparkpaviljoen.

lustra/15e.txt · Last modified: 2022/07/07 07:55 by 135.181.20.103