User Tools

Site Tools


Sidebar

bernlef_boppe

Bernlef Boppe!

Wêr wurdsto it gaust wer mins

nei in swiere dei yn Grins?

Bernlef, Bernlef boppe

Wêr fynst in stúdzjekammeraat

foar sinnich en ek ôfwaait praat?

Bernlef, Bernlef boppe

Wêr kinst dyn tiid it bêst ferdwaan

en libje as in partisaan?

Bernlef, Bernlef boppe

Fan in âlde Fryske trûbadoer namen wy de namme oer

wy bestean no fiif en tachtich jier en binne bot foar ’t Frysk yn ’t spier

Bernlef, Bernlef boppe (2x)

Wêr is yn Grins in Fryske soas

en binne sy studintikoas?

Bernlef, Bernlef boppe

Wêr betinke sy ’t sa bryk

mei al har aksjes, slim ludyk?

Bernlef, Bernlef boppe

Wêr binn’ sy leaver dea as braaf

mar fan har eigen klup in slaaf?

Bernlef, Bernlef boppe

In Grinzer jout graach op ús ôf, sy binne faaks net tûk genôch

mannichien dy’t it hjir fynt, it is it Frysk dat ús hjir bynt

Bernlef, Bernlef boppe (2x)

Wêr wurde de moaiste feesten fierd

en it studintelibben it meast fersierd?

Bernlef, Bernlef boppe

Wêr is elkenien in freon

en wurdt bearenburch it leafste preaun?

Bernlef, Bernlef boppe

Wêr komt de jûn nea oan ’e ein

en is in stúdzjejier samar omflein?

Bernlef, Bernlef boppe

Gjinien dy’t net lid wurde mei, ús leden komme oeral wei

foar Fryslân altyd fol mei brân as enklave yn it Grinzer lân

Bernlef, Bernlef boppe (4x)

bernlef_boppe.txt · Last modified: 2016/08/19 13:45 by Jelmer Draaijer