User Tools

Site Tools


Sidebar

alvestedefocht

De alvestêdefocht is in firtuele sûptocht by de alvestêden del. It firtuele slacht bynammen op it by de alvestêden del, it sûpen is fansels net firtueel. It idee is dat elkenien firtueel yn Ljouwert begjint en dan in heal mingel bier (as joustra sânomheech) opdrinkt. Nei 1 heal mingel bist dan yn Snits. Drinkst wer in heal mingel dan bist yn Drylts. Wa't it earste 11 heal mingels op hat is de winner fan de alvestêdefocht. De dielnimmers dy't de tocht útdrinke kinne ek yn oanmerking komme foar in krúske. Yn 2018 wie de earste edysje, dizze waard wûn troch Sander Postma. Hy, Douwe G. Heeringa, Peter Postma en Janneke hawwe doe in krúske krigen. Yn 2019 waard de organisaasje dy't yn 2018 noch by âldlid en betinker Thaeke Kuipers lei oernaam troch de Aktiviteitekommisje. Thaeke Kuipers wie doe de winner, hy dronk heal mingels Joustra Sânomheech. Yn 2020 soe der ek wer in alvestêdefocht wêze en wol op freed 1 maaie, start om 19:25 mar doe kaam Corona…

alvestedefocht.txt · Last modified: 2021/01/11 21:07 by Thaeke Johannes Kuipers